Invader (roman fan C.J. Cherryh): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 27:
Bren ûntkaam net alhiel ûnskansearre oan syn konfrontaasje mei atevi-[[rebel]]len yn ''[[Foreigner (roman fan C.J. Cherryh)|Foreigner]]'', en ''Invader'' iepenet as er nei in [[operaasje]] oan syn [[skouder]] en [[earm]] troch minsklike [[dokter]]s op Mospheira halje-trawalje weromroppen wurdt nei it fêstelân. Yn it Bu-javid, it [[regear]]ingskompleks yn Shejidan, de [[haadstêd]] fan 'e Westlike Assosjaasje (de grutste en ynfloedrykste atevi-steat), wurdt er ta syn skrik ûnderbrocht yn 'e residinsje fan 'e Atageini-[[clan]], as gast fan [[frouwe]] Damiri, de [[oarehelte]] fan Tabini, de ''aiji'' (hearsker) oer de Westlike Assosjaasje. Syn eardere [[appartemint]] by de [[tún|tunen]] wurdt no nammentlik fierstenste ûnfeilich foar him achte. De atevi, en yn 't bysûnder Tabini en it [[regear]] fan 'e Westlike Assosjaasje, binne nammentlik tige ûntrêstge oer wat se opfange fan 'e kommunikaasje tusken de ''Phoenix'' en Mospheira. Mei earm en skouder yn it [[gips]] moat Bren dy petearen foar harren oersette en ynterpretearje. Wat de atevi net begripe, is dat de bemanning fan it skip en de foarâlden fan 'e kolonisten mei slimme deilisskip útinoar gien binne, en dat der op Mospheira noch altyd in grutte wjersin hearsket tsjin 'e diktaten fan 'e [[skipskaptein]]s (en yn it ferlingde dêrfan tsjin it hiele skip). De [[befolking]] fan Mospheira fielt him folle mear besibbe mei de oare planeetbewenners, de atevi, as mei de [[romtefarder]]s, ek al binne dy fan harren eigen [[soarte|ras]].
 
It skip, oan 'e oare kant, hie ferwachte om by de Ierde fan 'e atevi in aktyf [[romtestasjon]] oan te treffen, en grut wie dan ek de ferheardens doe't by oankomst bliken die dat de kolonisten it stasjon hast twahûndert jier earder ûnbeheard efterlitten hiene om har yn eigenboude [[kapsule (romtefeart)|kapsule]]s oan [[parasjute]]s nei it planeetoerflak sakje te litten. No wol it skip it stasjon sa gau mooglik wer operasjoneel hawwe, mar dêrta is ferlet fan wurkkrêften, dy't inkeld fan 'e planeet komme kinne. It probleem is dat noch Mospheira, noch de atevi beskikke oer de lansearkapasiteit dy't minsken en/of atevi yn in [[baan om de ierde|baan om 'e ierde]] bringe kin. Dêrom wol de lieding fan it skip dat Mospheira sa fluch mooglik oan in [[romtefeart]]programma begjint. Op dat punt beseft Bren dat er yngripe moat, om't de kâns bestiet dat Mospheira en de ''Phoenix'' oars de atevi bûtenslute, wat it hiele soarchfâldich opboude lykwicht tusken minsken en atevi ferrinnewearje soe. Mei goedkarring fan 'e ''aiji'' nimt er dêrom kontakt op mei Stani Ramirez, de haadkaptein fan 'e ''Phoenix'', dy't er útleit dat it eilân Mospheira net oer de nedige [[grûnstof]]fen beskikt om in romtefeartprogramma ta útfiering te bringen, en dat er dêrom mar better mei de atevi ûnderhannelje kin.
 
Dy aksje wurdt Bren troch syn eigen regear op Mospheira net yn tank ôfnommen. Syn kommunikaasje mei it eilân wurdt ôfsnien, mar net foar't er ûntdutsen hat dat syn [[mem]], syn [[broer]] Toby en dy syn [[gesin]] en syn eardere [[ferloofde]] Barb Letterman te krijen hawwe mei gefallen fan [[stalking]] troch lju dy't miene dat Bren de minsklike saak [[ferrie|ferret]] hat. Dêropta hat Bren ek mei swierrichheden op it priveeflak te krijen. Hoewol't er koarby beseft hat dat er net wier fan Barb hâldt, komt it him dochs rou op 'e lea as er har boadskip kriget dat se mei in oar [[houlik|troud]] is. Yn lettere kommunikaasje jout se lykwols oan dat se spyt hat fan har hastige beslissing, en hat se it deroer om fan har hjoeddeiske man te [[skieding (houlik)|skieden]] om it fannijs mei Bren oan te lizzen. Dêr sjocht Bren lykwols neat yn, temear om't er him oanlutsen fielt ta Jago, ien fan syn atevi-[[liifwacht]]en, dy't al of net itselde soarte [[gefoelen]]s foar him koesteret, en mei wa't er datoangeande in opienfolging fan betiizjende synjalen útwikselet.
Rigel 33:
Swierrichheden fan in hiel oar kaliber hat Bren mei Deana Hanks, de reserve-''paidhi'', dy't troch it regear fan Mospheira nei Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje, ta stjoerd wie ûnder Bren syn ferbliuw yn Malguri (sjoch: ''[[Foreigner (roman fan C.J. Cherryh)|Foreigner]]''), om't men op Mospheira bang wie dat hy dea wie. No't Bren werom is, wegeret Hanks lykwols nei hûs te gean, ek al kin der neffens de [[ferdrach|ferdraggen]] tusken minsken en atevi mar ien ''paidhi'' wêze. Slimmer noch, yn har opstelling wurdt hja stipe troch in wichtich diel fan it regear fan Mospheira. Hanks is in fertsjintwurdiger fan 'e Feriening foar Minsklik Erfskip, in [[konservatisme|aartskonservative]] en gefaarlike beweging op Mospheira dy't der radikale anty-atevi tinkbylden op neihâldt. En op it fêstelân leit hja kontakt mei atevi-[[rebel]]len mei soartgelikense anty-minsklike ideeën, mei wa't se mienskiplike fijannen fynt yn Tabini-''aiji'' en Bren sels.
{{Plotbedjer}}
Dat it de atevi-rebellen mienen is, docht bliken as it Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi min ofte mear de [[wet]] hanthavenet, in oanjefte fan foarnimmen ôfwiist om Bren te fermoardzjen. De rebellen litte har dêrtroch lykwols net tsjinhâlde, en Bren wit yn 'e ''tashrid'', it hegerhûs fan it atevi-[[parlemint]], mar nauwerneed oan in [[moard]]oanslach troch ien fan 'e leden te ûntkommen. Hanks hat ûnderwilens [[flugger-as-ljocht]]reizgjen neamd yn 'e omgong mei [[hear (titel)|hear]] Geigi, in lid fan 'e atevi-[[opposysje]]. Dat is in konsept dat Bren en alle ''paidhiin'' foar him mei opsetsin stilholden hiene, fanwegen de fiksaasje fan 'e atevi op [[sifer]]s. Lykas ferwachte smyt it paradoksale idee dat eat flugger as it [[ljocht]] gean kin, de besifering dy't de atevi fan it [[hielal]] makke hawwe, danich yn 'e war. Dat is net in bysaak, want om't de hiele atevi-kultuer op in [[fûnemint]] fan [[nûmerology]] boud is, beseft Bren dat de kâns op ynstoarting fan dy kultuer net tinkbyldich is. Dêrom bewissiget er Geigi derfan dat er der alles oan dwaan sil om op dit mêd klearrichheid te ferskaffen.
 
Op oanrieden fan Banichi, ien fan syn liifwachten, reizget Bren nei in [[observatoarium]] yn 'e Bergid-[[berch|bergen]], dêr't nei't it skynt in ferneamd [[astronoom]] tahâldt. Hy hopet dat dy persoan flugger-as-ljochtreizgjen yn oerienstimming bringe kin mei de besteande atevi-nûmerology. It docht bliken dat Grigiji, dy't bekendstiet as de [[emearitus]]-astronoom, in eksintrike âldman is, mar ek geniale [[wittenskipper]], dy't mei in [[wiskunde|wiskundige]] útlis op 'e lapen komt dêr't Bren net folle fan neikomme kin. Werom yn it Bu-javid, it regearingskompleks yn Shejidan, langet er de útkomsten oer oan Geigi, Tabini en oan Ilisidi, Tabini syn [[beppe]], dy't sels ek diel útmakket fan 'e opposysje, om it troch de wiskundigen yn harren respektivelike stêven neirekkenje te litten. Ilisidi, mei wa't Bren sûnt de foarfallen yn ''[[Foreigner (roman fan C.J. Cherryh)|Foreigner]]'' in hoaske relaasje opboud hat, fermoedet lykwols it materiaal fan Grigiji eins it wurk is fan minsklike saakkundigen op Mospheira, en dat Bren har besiket te manipulearjen. It gefolch is dat se har gedoente mei him beëiniget, en Bren wit net wat er dwaan kin om 'e tabrochte skea oan harren relaasje te reparearjen.
 
Bren besiket ek mei Hanks te riddenearjen en mient op in stuit dat er har safier hat dat er mei har gearwurkje kin, oant se by in [[geweld]]diedige aksje út it Bu-javid [[ûntfiering|ûntfierd]] wurdt. Frijwol tagelyk wurdt der in nije [[oanslach]] op Bren sels dien, wêrby't ta lulkens fan frouwe Damiri grutte skea tabrocht wurdt oan 'e iuwenâlde [[porslein]]ene [[muorrereliëf]]s yn 'e Atageini-residinsje. Underwilens hat Tabini yn 'e ûnderhannelings mei kaptein Ramirez foarsteld dat de ''Phoenix'' in eigen ''paidhi'' nei Shejidan ta stjoere kin. Ramirez wiist dêrfoar Jase Graham oan, mei wa't Bren de folgjende dagen ferskate kearen kontakt hat. Om't de ''Phoenix'' net oer fiertugen beskikt dy't yn 'e [[atmosfear]] fan 'e planeet fleane kinne, sille Graham en Yolanda Mercheson, dy't troch Ramirez as ''paidhi'' nei Mospheira ta stjoerd wurdt, harren yn in twahûndert jier âlde oerstallige en dêrom yn it romtstasjon efterbleaune kapsule fan 'e oarspronklike kolonisten fan Mospheira oan in parasjute nei it ierdoerflak sakje litte. Krekt as út eardere aksjes sprekt dêrút op 'e nij in haast fan kaptein Ramirez dy't Bren net begrypt (mar wêrfoar't de redens fierderop yn 'e romanrige oan it ljocht komme sille).
 
It ferhaal berikt syn klimaks as de kapsule mei dêryn Jase en Yolanda lânje sil yn 'e wyldernis om 'e [[bûtenpleats]] fan 'e ''aiji'' yn Taiben hinne, dêr't se troch Bren en de ''aiji'' sels opwachte wurde. Tsjin dy tiid hat út opfongen radiokommunikaasje tusken Hanks en har stipers op Mospheira bliken dien dat Hanks sels aktyf meiwurke hat oan har 'ûntfiering' út it Bu-javid, en dat se har no by de atevi-rebellen jûn hat. Yn in deunby lein [[resort|fakânsjeresort]] ferspriede de rebellen it nijs fan 'e oankommende lâning, mei as gefolch dat hûnderten [[toerisme|toeristen]] Taiben ynkringe om in glimp fan it histoaryske barren op te fangen. De bedoeling is fansels dat dat it foar de rebellen sels makliker makket om har yn Taiben te bejaan, mei't se har foardwaan kinne as toeristen. Oarsom is it foar de befeiliging fan 'e ''aiji'' en Bren syn liifwachten folle dreger om ûnskuldige nijsgjirrigen fan wapene tsjinstanners te ûnderskieden.