Wâld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Brussels Zonienwoud.jpg|right|thumb|250px|It [[Zoniënwoud]] by [[Brussel]].]]
In '''wâld''' is in grut gebiet wêrfan't de [[planten|begroeiïng]] benammen bestiet út [[beam]]men yn in dominante [[beammelaach]], mei leger by de grûn in [[ûndergroei]] besteande út [[strewelleguod]] (de [[strûkelaach]]) en [[krûd (plant)|krûden]] (de [[krûdelaach]]). Wâlden binne rike [[biotopen]], dêr't in grut ferskaat oan [[floara]] en [[fauna]] foarkomt. In lyts of relatyf lyts wâld wurdt ek wol in '''bosk''' neamd. Wat krekt as 'wâld' kwalifisearre wurdt, ferskilt, mei't der wrâldwiid hûnderten ûnderskate definysjes foar dit begryp yn gebrûk binne, op basis fan beamtichtens, beamhichte, lângebrûk, [[wet]]like bepalings en [[ekology]]ske funksjes. Yn [[Nederlân]] wurdt in bosk neffens de [[Boskwet]] offisjeel omskreaun as in gebiet fan 10 [[are]] dat út beplanting mei beammen bestiet. Rekkene neffens de faak brûkte definysje fan 'e [[Fiedsel- en Lânbou-organisaasje]] (FAO) fan 'e [[Feriene Naasjes]] oerdieken wâlden yn [[2006]] sa'n 40 miljoen [[km²]] fan it lân[[oerflak]] fan 'e [[Ierde (planeet)|Ierde]]. Dêrmei is wâld it oerhearkjende [[ekosysteem]] op drûch lân. It komt yn alle dielen fan 'e wrâld foar, útsein opyn 'eit [[poalgebiet|poalen]]. It nimt 75% fan 'e [[bruto primêre produksje]] fan 'e [[biosfear]] fan 'e Ierde foar syn rekken en omfiemet 80% fan 'e totale [[biomassa]] fan 'e Ierde.
 
==Soarten wâlden==
Der besteane in stikmannich dúdlik faninoar ferskillende soarten wâlden. Yn it foarste plak hat dat te krijen mei de lokaasje op 'e Ierde dêr't se groeie. Sa komt [[tropysk wâld]] foar yn 'e [[tropen]], om 'e [[evener]] hinne. Oan wjerskanten dêrfan befynt him in brede bân fan [[tuskenbeiden wâld]] yn 'e [[tuskenbeiden sône]]s, dêr't dan wer in bân fan [[taiga]] (ek bekend as [[boreaal wâld]]) oan grinzget dy't sels ôffrede wurdt troch de [[poalgebiet]]enpoalgebieten. Op gruttere hichten, yn [[berchtme]]n, dêr't de [[temperatuer]] en oare [[klimaat|klimatologyske]] omstannichheden oerienkomme mei de tastân op hegere (en legere) [[breedtegraad|breedtegraden]], groeie wâlden dy't oerienkomme mei de wâlden fan dyselde breedtegraden. In twadde wichtich ferskil tusken soarten wâlden hat te krijen mei de hoemannichte [[delslach (waar)|delslach]] dy't der falt; wâld yn tige wiete gebieten wurdt [[reinwâld]] neamd, dat wer ûnder te ferdielen is yn [[tropysk reinwâld]] en [[tuskenbeiden reinwâld]]. In trêde ferskil wurdt feroarsake troch it soarte beammen dêr't it wâld út bestiet; sa ûnderskiedt men [[leafwâld]] (mei [[leafbeam]]men), [[nullewâld]] (mei [[nullebeam]]men) en [[mingd wâld]] (mei beide).
 
==Wikselwurking tusken minsken en wâld==
De [[minsklik]]e [[maatskippij]] en wâlden hawwe inoar yn it [[ferline]] op sawol positive as negative manearen beynfloede, en dat is tsjintwurdich noch altyd sa. Wâlden soargje foar in oantreklik [[ekosysteem]] foar minsken, dat in geunstige ynfloed op harren [[sûnens]] hawwe kin. Ek tsjinje se as [[toerist]]yske attraksjes, dêr't omlizzende [[groep (sosjology)|mienskip]]pen [[ekonomy]]sk baat by hawwe kinne. Oare minsklike aktiviteiten, lykas [[houtkap]] om oan [[timmerhout]] te kommen, of it platbrânen fan (dielen fan) wâlden om oan [[lânbou]]grûn te kommen, hawwe in negative ynfloed op it wâld en op 'e lange termyn ek op 'e minske. De regulearre [[eksploitaasje]] fan in wâld foar houtkap hjit [[boskbou]]. [[Yllegale houtkap]] heart dêr net by. In wâld dat noch nea kappe is, wurdt in [[oerwâld]] neamd; wâld dat nei de kap wer op 'e nij oanplante of út himsels wer op 'e nij oangroeid is, wurdt [[sekundêr wâld]] neamd. In wâld dat foar boskbou brûkt wurdt troch it hieltyd te kapjen en wer oan te plantsjen, hjit in [[produksjebosk]].
 
<gallery mode=packed heights=150px style="text-align:left">