Irminsul: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
LNo edit summary
 
Rigel 4:
It hillichdom wurdt neamd en yn 't koart omskreaun yn de ''[[Keninklike Frankyske Annalen|Annales regni Francorum]]'', de ''Translatio St. Alexandri'' fan [[Rudolf fan Fulda]] en yn de ''[[Gesta Hammaburgensis ecclesiae pontificum]]'' (Boek I, haadstik 8) fan [[Adam fan Bremen]]. Yn dy boarnen wurdt de Irminsul omskreaun as in grutte, oprjochte houten stamme dy't neffens de Saksen de hiele wrâld stipe.
 
De Irminsul wurdt wol ferlike mei [[Yggdrasil]]-beam út [[Noarske mytology]]: de wrâldbeam dy't syn woartels yn de ûnderwrâld hat en mei syn tûken it dak fan de wrâld steunt. Neffens Rudolf fan Fulda en Adam fan Bremen moat Irminsul oerset wurde as “al-pylder” ([[Latyn]]: ''columna univeralis''), omdat it 'alles steunt', mar it wurdt ek wol yn ferbân brocht mei (net oerlevere) Germaanske god Hirmin of Irmin.
 
Wat lokaasje oangiet, se binne der noch lang net út wêr't in no krekt lein hat. Sawol [[Earesburch]] en it [[Teutoburgerwâld]] wurde neamd as mooglike plakken fan it hillichdom.