Josse de Haan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red kous
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
'''Johannes Izaäks (Josse) de Haan ''' ([[Peins]], [[20 jannewaris]] [[1941]]) is in skriuwer en dichter dy't yn it [[Frysk]] en [[Nederlânsk]] publisearret.
 
De Haan wie fan 1962 oan 1971 haad fan de skoalle yn [[Hjerbeam]]. Yn 1971 waard er beneamd as learaar Nederlânsk oan de Ryksskoallemienskip yn [[Skagen (stêd)|Schagen]] (N.H.). Njonken syn wurk studearre er MO-Nederlânsk yn [[Amsterdam]]. Yn 1988 joech er it ûnderwiis oer en wijde er him alhiel oan de skriuwerij.
 
De Haan wie yn de jierren 60 pleiter foar fernijing yn de [[Fryske literatuer]]. Literatuer moat fan him fernijend wêze, minsken prikkelje en útdaagje. [[Dadaïsme|daïstyske]] en [[surrealisme|surrealistyske]] ynfloeden binne yn syn wurk werom te finen; teffens eksperimintearre er mei foarm yn syn [[proaza]].
Sûnt 1999 wennet De Haan yn it doarp [[Hendaye]], yn [[Frankryk|Frânsk]] [[-Baskelân]]. Syn libbenspartner is de Baskyske skriuwster [[Maite Gonzalez Esnal]] (1943).
 
It bedriuwen fan Fryske literatuer op ôfstân fan it heitelân fynt De Haan gjin probleem. Krekt oarsom; it ynspirearret him.