Julia Channel: ferskil tusken ferzjes

L (→‎Libben: red)
 
==Libben==
Channel groeide op yn 'e Frânske haadstêd [[Parys]], as de dochter fan in Fransêze dy't foar in part fan [[Itaalje|Italjaansk]] komôf wie en in heit dy't út it [[Afrika]]anske [[Maly]] kaam. (Underskate boarnen wolle hawwe dat har heit in [[Egypte|Egyptner]] wie, mar yn har [[autobiografy]] hâldt Channel út dat er in Malinees wie, en sy sil it sels wol it bêste witte, tink.) Hja begûn har karriêre yn 'e iere 90-er jierren, doe't se neaken posearre foar blêden as de ''[[Playboy (tydskrift)|Playboy]]'' en de ''[[Penthouse]]'' (febrewaris [[1992]]). Se makke har debút yn in [[pornografyske film]] yn [[1992]]. Yn totaal spile se neffens de [[Internet Adult Film Database]] (IAFD) yn likernôch 120 pornofilms, de measten fan itsij Frânske, itsij Italjaanske makkelei. It lêste jier fan har pornokarriêre brocht Channel troch yn 'e [[Feriene Steaten]], dêr't se in kontrakt ôfsleat mei it label ''[[Vivid Entertainment]]'', en û.o. mei [[regisseur]] [[Andrew Blake]] wurke. Yn [[1996]] liek it der eefkes op dat se it [[HIV]]-firus oprûn hie. Aldergeloks rûn dat mei in skamper ôf, mar Channel wie der wol sa kjel fan wurden dat se har weromloek út 'e pornoyndustry. Yn [[1998]] wûn se in eare-''[[Hot d'Or]]'' (of in ''Hot d'Or d'honneur'') foar har hiele oeuvre (de ''Hot d'Or'' is de wichtichste [[Jeropa|Jeropeeske]] pornografypriis).
 
Njonken har pornokarriêre, en nei't se dy beëinige hie, spile se ek yn guon [[mainstream]]-films, lykas ''Les Truffes'' ([[1994]]), wêrby't har tsjinspiler [[Jean Reno]] wie, ''Frères'' (1994), ''Coup de Vice'' (1996) en ''Recto/Verso'' ([[1999]]). Fierdersoan hie se ek de haadrol yn in searje eroatyske (mar net [[pornografy]]ske) [[tillefyzjefilm]]s dy't produsearre en útstjoerd waarden troch de Frânske stjoerder [[M6 (stjoerder)|M6]], en presintearre se yn [[2001]] it tillefyzjeprogramma ''Le Journal du Hard'', op [[Canal+]]. Ek wie se te sjen yn in stikmannich [[hiphop]]-[[fideoklip]]s, wêrûnder dy fan 'e nûmers ''Course Vite'group'', fan 'e Frânske band ''Silmarils'' ([[1995]]), en ''Judgement Day'', fan 'e Amerikaanske [[rapper]] [[Method Man]] ([[1998]]). Boppedat presintearre se it muzykprogramma ''Hip Hop Channel'' foar de stjoerder [[MCM (stjoerder)|MCM]]. Yn [[2010]] sette se útein mei har eigen karriêre as sjongster en brocht de single ''All I Want'' fan har debútalbum ''Colours'' út. Yn 'e fideoklip fan har nûmer ''Forever in a Day'', út [[2012]], spile de fuotbalspiler [[Didier Drogba]] mei. Julia Channel skreau yn [[2008]] har [[autobiografy]], titele ''L'Enfer Vu du Ciel'' ("De Hel Besjoen út 'e Himel Wei"). Yn 2010 sette se fierders ek noch in eigen datingwebside foar allinnichsteanden op ûnder de namme ''Mecacroquer''.
14.392

bewurkings