Jolene Blalock: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 21:
Geandewei de puberteit ûntjoech it ûnsjogge einepykje har lykwols ta in swan, en op har santjinde gie Blalock út 'e hûs om yn [[Jeropa]] en [[Aazje]] as [[model (berop)|model]] te wurkjen. Yn [[1998]] makke se har debút as [[aktrise]] op 'e [[tillefyzje]], yn in ôflevering fan 'e [[komeedzje]]searje ''[[Veronica's Closet]]''. Se hie roltsjes yn ferskate oare rigen, lykas ''[[Love Boat: The Next Wave]]'', ''[[CSI: Crime Scene Investigation]]'' en ''[[JAG (tillefyzjesearje)|JAG]]'', en spile ek yn 'e tillefyzjefilm ''[[Jason and the Argonauts (film út 2000)|Jason and the Argonauts]]'' ([[2000]]).
 
Yn [[2001]] krige Blalock ien fan 'e haadrollen taparte yn in nije ''[[Star Trek]]''-searje: ''[[Star Trek: Enterprise]]''. Dêryn spile se 5 seizoenen en yn totaal 98 ôfleverings lang [[Luitenant-kolonel|oerste]] T'Pol, in [[Fulkan|Fulkaanske]] dy't tsjinst nimt op in ierdsk romteskip. It wie har grutte trochbraak; se waard der tige populêr mei en neffens de Amerikaanske edysje fan it manljusblêd ''[[FHM]]'' wie se yn [[2005]] de op njoggen nei meast seksy frou op 'e wrâld. Se stie twaris mei in [[glamourfotografy|glamour]]fotorapportaazje yn it manljusblêd ''[[Maxim (tydskrift)|Maxim]]'', en yn april [[2002]] posearre se, mei klean oan, foar de ''[[Playboy (tydskrift)|Playboy]]''.
 
Sûnt ''Star Trek: Enterprise'' yn [[2005]] beëinige waard, is it mei Blalock har karriêre wat yn it neigean rekke. Se hie rollen yn [[B-film]]s as ''[[Starship Troopers 3: Marauder]]'' ([[2008]]) en ''[[Sinners and Saints (film)|Sinners and Saints]]'' ([[2010]]), wylst se ek spile yn ôfleverings fan tillefyzjesearjes as ''[[CSI: Miami]]'' en ''[[House (tillefyzjesearje)|House]]''. Echte grutte rollen binne lykwols oan har foarby gien.