Fransiskus Ksavearius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
japansk plaatsje
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 8:
 
== Missy ==
Ksavearius krige de opdracht fan Loloya, op fersyk fan kening [[Jehan III fan Portugal|Jehan III]] en [[paus Paulus III]], om it leauwen te fersprieden yn [[Ynje]] . Yn 1540 gie hy nei [[Lissabon]], en yn [[1541]] gie hy tegearre mei [[Martin Affonso de Sousa]] nei [[Goä (koloanje)|Goä]], wêr't hy in pear jier letter oankaam. De folgjende jierren die er missywurk yn ferskillende dielen fan Ynje, it skynt dat er doe mear as 30.000 bekearlingen makke hat.
 
Yn [[1545]] gie Ksavearius fierder nei it easten, nei [[Malakka]], en yn [[1546]] reizge hy troch de [[Molukken]], wêr't hy op besite gie by kristlike wenmienskippen en hy besocht om minsken te bekearen.
 
Doe’t hy werom yn Malakka wie, hearde Ksavearius oer [[Japan]]. Hy gie tegearre mei Yajir, in Japanner, nei [[Goa]]Goä en besliste dat Japan syn nije wurkterrein wêze soe. Yn 1549 berikte hy Japan. Hy soe dêr twa jier bliuwe. Yn dy jierren besocht hy de [[Keizer]] yn [[Kyoto]] en hat hy in soad minsken bekeard.
 
Werom yn Goa yn [[1552]], gie hy fuortendaliks wer op reis nei [[Sina]]. Hy kaam oan yn [[Shang Ch'uan]], in eilân tichtby [[Kanton]] , dêr wachte hy trije moanne om nei it fêstelân oer te stekken. Ksavearius waard siik en hy ferstoar op [[3 desimber]] [[1552]]. Syn lichem waard oerbrocht nei Goa en yn de [[katedraal]] begroeven.