Greefskip Mid-Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
'''Greefskip Mid-Fryslân''' is de namme dêr't skiedskriuwers it gebiet mei oantsjutte dat yn de [[11e iuw]] troch it laach fan de [[Brunoanen]] bestjoerd waard en bestie út de Fryske [[goa (krite)|goa]]en [[Eastergoa]], [[Westergoa]] en [[Sudergoa]]. Steatkundich hearde it gebiet by it [[Hillige Roomske Ryk]] en wienen de [[Fryske greven]] [[lienman]] fan de Dútske keizer.
 
== Untstean ==
Yn de iere [[midsiuwen]] makke it gebiet fan de hjoeddeiske provinsje [[Fryslân]] diel út it fan it saneamde [[Fryske ryk]] en nei de oermastering troch de Franken fan in hartochdom ''[[Frisia]]'' dat lei tusken it "Sincfal" (it [[It Swin (Brugge)|Swin]]), de tsjintwurdige swette tusken Belgje en Siuwsk-Flaanderen, oant de [[Weser]] yn Dútslân.
 
Yn [[1006]] krijt [[Liudolf fan Brunswyk]] sizzenskip oer de Fryske greefskippen. Hoe't dat syn beslach krige hat is net mear wis. Nei alle gedachten waarden de goaen fan de [[Greefskip Hollân|Hollânske greven]] mei geweld ôfhandich makke.<ref>{{aut|Halbertsma, H.}} (2000): ''Het rijk van de Friese Koningen, opkomst en ondergang'', side 140. </ref>.