Wybo Meyer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 3:
Hy wie in soan fan Johannes Carel Meijer (prokureur) en Gerritje Bleeker. Doe't er tweintich wie ferhuze Wybo Meyer mei syn âlden nei [[Haarlim]]. Yn 1912 ferfear er nei [[Laren (Noard-Hollân)|Laren]] ([[Noard-Hollân]]) dêr't er oant [[1921]] arbeide. Yn [[Amsterdam]] wenne er oant 1933 op ferskillende adressen, meast op keamers. Dêrnei wenne er oant [[1937]] yn [[Utert (stêd)|Utert]], dêrnei oant [[1941]] yn [[Voorschoten]] en syn lêste jier yn Sassenheim.
 
Nei it gymnasium yn Ljouwert, waard er learling fan de ''School voor Kunstnijverheid'' yn [[Haarlim]]. Ien fan syn leararen wie [[Chris Lebeau]]. Hy waard [[grafikus]], [[keunstskilder]], [[yllustrator]], tekstylûntwerper en [[boekbânûntwerper]]. Foar Ujouwerij W.J. Thieme & Cie yn [[Sutfen (stêd)|Sutfen]] ûntwurp er 18 boekbânen. Njonken dat makke er noch teminsten 34 oare omslach- en boekbânûntwerpen. Hy tekene [[Karikatuer|karikaturen]] en skreau artikels foar it moanneblêd [[Den Gulden Winckel]] en [[De Groene Amsterdammer]] en ûntwurp [[eks-libris]]sen. Meast ûndertekene er syn wurk mei "Wybo Meyer".
<gallery>
Internationale tentoonstelling op gasgebied.jpg|Affysje (1923)