Himelfeart fan Jezus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 22:
Himelfeartsferhalen kamen yn de tiid fan Jezus gauris foar. It joech de godlikens oan foar in wichtich persoan sa as bygelyks de [[Romeinske keizer]] en wie, yn it [[Joadendom]], in teken fan godlik goedkarren. Ek waarden yn Gryksk-Romeinske, ier-Joadske en ier-kristlike skriftlike boarnen nei garismatyske persoanen en persoanen mei profetyske en iepenbierjende jeften ferwiisd dy't himelske erfarings hiene en dy't kosmyske en godlike geheimen hiene.
 
Ferneamde persoanen yn it Joadendom dy't nei de himel opfearn wiene, wiene: [[Henoch (bibelsk persoan)|Henoch]] (yn it boek [[Genesis (bibelboek)|Genesis]]); de [[Fyfde iuw f.Kr.|fyfde iuw]]ske sage [[Ezra (preester)|Ezra]]; [[Barûch (soan fan Neria)|Barûch]], it selskip fan de profeet [[Jeremia (profeet)|Jeremia]]; [[Levy]], de foarfaar fan de preesters; de profeet [[Elia]]; [[Mozes (profeet)|Mozes]] en de bern fan [[Job (bibelboek)|Job]].
 
Bûten it Joadendom wiene der ek persoanen dy't nei de himel opfearn wêze soene , sa as bygelyks de Romeinske keizer [[Augustus Oktavianus|Augustus]], dy't foar de eagen fan de [[senaat (Rome)|senator]]s opfear; [[Romulus en Remus|Romulus]], de stifter fan [[Rome (stêd)|Rome]], ferfear lykas Jezus benefter in wolk nei de himel; de Grykske held [[Herkules]] en noch stikmannich mear.