Vasili Polenov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 3:
 
== Libben en wurk ==
Polenov studearre tagelyk oan de [[Universiteit fan Sint-Petersburch]] (rjochten) en oan de [[Russyske Keunstakademy]]. Al yn 1869 en 1870 wûn er wichtige prizen mei in pear fan syn earste skilderijen. Fan 1872 oant 1876 reizge er troch Jeropa en besocht er ûnder oaren [[Wenen]], [[München]], [[Feneetsje]], [[Florâns]], [[Napels (stêd)|Napels]] en foar langere tiid [[Parys]]. Dêrnei wie er in skoftke werom yn Ruslân en gie doe as hofskilder nei de [[Russysk-Turkske Oarloch (1877-1878)]]. Werom yn [[Moskou]] sleat er him oan by en de [[Realisme (keunststreaming)|realistyske]] skildersgroep [[Peredvizjniki]] (“de swalkers”). Hy skildere meast histoaryske tafrelen, lânskippen en [[sjênrestuksjênrestik]]ken. Teffens makke er yn dy snuorje in protte teäterdekoraasjes.
 
Yn 1881-1882 reizge Polenov troch it Heine Easten en Georgje en skildere op lokaasje. Letter yn 1899 hat er nochris yn dy kontreien wurke. It hat resultearre yn in rige fan 72 skiderijen, 'Ut it libben fan Jezus', dêr't er oant 1909 oan wurke hat.
 
Fan 1882 oant 1895 wie er learaar oan de Moskouse Hegeskoalle foar skilderkeunst, byldhoukeunst en arsjitektuer. ûnderUnder syn learlingen dêre wienen ûnder oaren [[Konstantin Korovin]], [[Isaak Levitan]] en [[Abram Archipov]].
 
Polenov wie befreone mei [[Ilja Repin]] en [[Rafail Levitski]]. Hy stoar yn 1927 yn Borok, in lyts doarp ûnder [[Toela]].