Wees: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[File:Thomas kennington orphans 1885.jpg|right|thumb|180px|''Wezen'', in [[skilderij]] fan [[Thomas Kennington]], út [[1885]].]]
In '''wees''' of '''weesbern''' is in [[bern (persoan)|bern]] fan wa't beide [[Aldelju|âlden]] stoarn binne, of dy't troch beide âlden foargoed yn 'e steek litten binne. De term is yn 'e regel inkeld fan tapassing op bern fan wa't de âlden stoarn binne foàrdat se folwoeksen wurden binne. Folwoeksenen dy't beide âlden ferlieze, wurde allinnich by hege útsûndering as wees oantsjut.
 
Yn it ferline, doe't troch breklike [[sûnenssoarch]] en nuodliker libbensomstannichheden wezen folle mear foarkamen, waarden weesbern, as der gjin oare famylje wie om harren grut te bringen, opnommen yn in saneamd [[weeshûs]], wêrfan't eltse [[stêd]] der wol ien hie. Tsjintwurdich wurde sokke gebouwen foar oare doelen brûkt, mar steane se gauris noch altyd bekend as "it âlde boargerweeshûs". Tsjintwurdich wurde [[minderjierrigens|minderjierrige]] wezen yn [[Nederlân]] opnommen yn [[opfangtehûs|opfangtehuzen]], en wurde se nei ferrin fan tiid ornaris ûnderbrocht by in [[pleechgesin]]. It doel is om se úteinlik [[adopsje|adoptearje]] te litten.