Slach by Poitiers (732): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 30:
Hofmeier Karel luts syn leger gear op in plak dêr’t er ferwachte dat it moslimleger lâns komme soe. Hy socht in definsive posysje út. Neffens de Mozarabyske kronyk stelde hy it leger op as in grut fjouwerkant. De earste seis dagen wiene der mar in pear lytse skermutselingen. Gjin fan beide partijen woe oanfalle. De Franken wienen goed klaaid op de kjeld en hienen it foardiel dat se it op bekend terrein wiene. Op dei nûmer san begûn de echte fjildslach.
 
Abd er Rahman fertroude op it numerike oerwicht fan syn kavalery en liet dizze meardere sjarzjes útfiere. It fertrouwen fan de moslims op harren numerike oerwicht en harren mei lange swurden bewapene kavalery, dy’t altyd soarge foar de oerwinning, wie dit kear mispleatst. De Frankyske soldaten hâlden harren grûn. Neffens Frankyske boarnen duorre de striid ien dei. Arabyske boarnen hawwe it oer twa dagen. Doe’t der flústere waard dat de Franken it guod wat út [[Bordeaux (stêd)|Bordeaux]] wei rôve wie bedrige wienen der in protte Arabyske soldaten dy’t it guod beskermje woene. Abd er Rahman woe se tsjinhâlde, mar waard finzen nommen en fermoarde. Doe’t de nacht foel luts it Arabyske leger him werom.
 
== Gefolgen ==