De Twa Tuorren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 50:
 
As se dêr oankomme, ûndekke se dat dat ûnnimber achte bolwurk fan Saruman al ynnommen is troch de inten, dy't it ûnderrinne litten hawwe troch in daam yn 'e rivier de Isen troch te stekken, en koarte metten makke hawwe mei it oarkegarnizoen dat Saruman efter de hân holden hie. Saruman is no in finzene yn Orthanc, syn eigen toer, dêr't ek Gríma Wjirmtonge beskûl socht hat. Aragorn-en-dy wurde te Isengard weriene mei Merten en Pepyn. Gandalf biedt Saruman noch de kâns om berou te toanen en fan syn wegen werom te kearen, mar Saruman stegeret him heechkroppich ôf en wurdt sadwaande út 'e Oarder fan 'e Tsjoenders en de Wite Rie setten. Gríma smyt in swier ding út it finster, mar mist Gandalf; it ding wurdt oppakt troch Pepyn en blykt ien fan 'e seldsume ''palantíri'' of "sjochstiennen" te wêzen. No't er it ding ienris beetkrigen hat, kin Pepyn de rop derfan net wjerstean. Hy sjocht deryn en wurdt dan ûnderfrege troch Sauron, mar wit dy besiking ûnskansearre te oerlibjen. Om in eachje op him te hâlden nimt Gandalf him dêrnei mei as er ôfset nei Minas Tirith, de haadstêd fan Gondor, om dêr tariedings te meitsjen foar de grutte oarloch tsjin Mordor dy't op kommendeweis is. Aragorn, Legolas, Gimli en Merten bliuwe efter yn Rohan, dêr't kening Théoden de meunstering fan syn leger begjint by wize fan risselwaasje om Gondor te help te kommen.
[[File:Liuwe Westra op 'e Tsjommer toer (foto Maartje Roos).jpg|left|200px|thumb|[[Oersetter]] [[Liuwe Westra]] op 'e [[tsjerke]][[toer (bouwurk)|toer]] fan syn berteplak [[Tsjom]]. <br><small>(Foto: [[Maartje Roos]])</small>]]
 
===Boek IV===