Westfryske dialekten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 14:
De Westfryske dialekten falle útinoar yn twa lytsere kloften. Oan 'e iene kant is der it [[Lânwestfrysk]], of "echte" Westfrysk. Dat is it dialekt dêr't men it oer hat as men fan "it Westfrysk" sprekt. It taalgebiet fan it Lânwestfrysk omfiemet grutdiels de [[Kop fan Noard-Hollân]], dêrby de lânstreek [[West-Fryslân]] en de [[Noardsee]]kust fan [[Den Helder]] oant [[Kastrikum]] ynbegrepen, mar de [[stêd]] [[Inkhuzen]] net. De pas yn [[1930]] drûchmakke [[Wieringermarpolder]] wurdt yn 'e regel likemin ta it Westfryske gebiet rekkene, al hat de útspraak fan it [[Nederlânsk|Standertnederlânsk]] troch in diel fan 'e befolking (±20%) fan dat gebiet wol Westfryskige skaaimerken, om it foarsichtich út te drukken.
 
It Lânwestfrysk bestiet sels ek wer út ferskate subdialekten, te witten it [[Drechterlânsk]] of Eastlik Westfrysk, dat sprutsen wurdt yn 'e krite tusken [[Inkhuzen]] en [[Hoarn (stêd)|Hoarn]]; it [[Midden-Westfrysk]], in brede bân fan noard nei súd begjinnend op 'e hichte fan Hoarn en [[Medemblik (plak)|Medemblik]] en dêrwei nei it westen ta; it [[Westlik Westfrysk]], fan 'e Noardseekust oant de omkriten fan [[Skagen (stêd)|Skagen]]; en it [[Egmondsk]] of ''Derpers'', fan [[Egmond oan See]]. Dêrfan wike it Drechterlânsk en benammen it isolearre Egmondsk it measte ôf fan 'ede noarm. Oer it algemien kin steld wurde dat it Lânwestfrysk [[taalkunde|taalkundich]] sjoen fan âlds dochs al frij ticht by súdliker Hollânske dialekten as it [[Saansk]] en it [[Wetterlânsk]] stie.
 
Oan 'e oare kant binne der de [[Eilânwestfrysk|Eilânwestfryske dialekten]]: it [[Tekselsk]] fan it [[Waadeilân]] [[Teksel]], it [[Wieringsk]] fan it eardere eilân [[Wieringen]], en foarhinne ek it [[Flylânsk]], dat no útstoarn is. Ta dizze groep wurdt op grûn fan beskate taalkundige skaaimerken ek it [[Inkhústersk]] rekkene, it stedsdialekt fan [[Inkhuzen]]. Dizze dialekten ûnderskiede har fan it Lânwestfrysk trochdat se folle behâldender fan aard binne, en dêrtroch fierder fan 'e súdliker Hollânske dialekten en it Standertnederlânsk ôf steane.