Narteks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L sj. ek
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Narthex.png|thumb|Plak fan de Narteks]]
[[Ofbyld:HSX Millingen 1912 fig 105.jpg|thumb|Plattegrûn fan de [[Goaratsjerke]] mei in bûten en in binnen narteks ([[Istanbûl]])]]
De '''narteks''' is in smelle festibule of foarhal by de haadyngong oan de westkant fan âlde kristlike en [[Byzantynske arsjitektuer|Byzantynske]] tsjerken, benammen [[BasilykBasilica minor|basiliken]]. Hy rint oer de hiele breedte fan it gebou en is bygelyks troch in [[arkade]] mei it [[Skip (tsjerke)|skip]] ferbûn. De narteks laat nei de [[naos]], de tsjerkeseal. As de narteks hielendal yn it tsjerkegebou sit, hjit hy ''esonarthex'' (binnennarteks), as er bûten de gevel leit, wurdt er oantsjut mei ''exonarthex'' (bûtennarteks). In binnen- en bûtenste narteks kinne ek tegearre foarkomme as aparte dielen fan in narteks.
 
Foar de narteks kin ek noch in ''atrium'' lizze (in fjouwerkant foarplein, ferlykber mei de krúsgong fan it midsiuwsk [[kleaster]]). Yn gefal fan âlde kristlike basiliken, kin it foarplein omjûn fan portiken ek narteks neamd wurde.<ref>Wilfried Koch: ''Baustilkunde. Das Standardwerk zur europäischen Baukunst von der Antike bis zur Gegenwart''. Gütersloh 2009, s. 470.</ref>