Gebed: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 4:
Der besteane ûnderskate foarmen fan gebedens, lykas ôfsmeking, tanksizzing, bycht en lofpriizging. Men kin in gebed opdrage oan ien of mear [[god|goaden]], geasten of ferstoarnen (bgl. jins foarâlden), mar men kin ek in ferheft ideaal oanbidde. In doel foar gebedens kin wêze om te ferearjen, lieding te freegjen, help ôf te smeekjen, sûnden op te bychtsjen of gewoan om jins gefoelens en tinzen út te sprekken; men kin bidde foar jinsels of foar oaren.
 
De measte grutte en minder grutte godstsjinsten omfiemje wol de iene of oare foarm fan gebed. Guon ritualisearje de gebedsdie en lizze har leauwenden in strikt oan te hâlden opienfolging fan dieden en útspraken op, of lizze sels beheinings op oangeande wa't der bidde mei en oan wa. Oare religyen leare harren folgelingen krekt dat it gebed in folslein spontane die wêze moat om't it oars gjin sin hat. It bekendste gebed, alteast yn 'e Westerske wrâld, is nei gedachten it [[kristendom|kristlike]] ''[[Us Heit (gebed)|Us Heit]]''.
 
[[Kategory:Gebed| ]]