De Burch (stins): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 4:
Begjin 15e iuw wurdt foar it earst oer De Burch skreaun. De wichtichste stins yn Mitselwier wie [[Roptastate|Ropta]]. Dêrneist wienen de âlde haadlingehuzen [[Wibaldastate]] en [[Uniastate (Mitselwier)|Jaersmastate]] der noch. Alletrije machtsposysjes waarden al neamd yn [[1422]].
 
Yn [[1511]] wie [[Sybren fan Ropta|Sybren Ropta]] syn soan [[Focke Ropta]], yn de list fan eallju fan [[1505]] ek neamd, eigener fan [[Roptastate (Mitselwier)|Roptastate]]. Ien fan syn pachters wenne ''up den Burch''. Dêr sil grif net de [[Roptastate (Mitselwier)|Roptastins]] mei bedoeld wêze, mar it strategysk oan de Suderie lizzend hûs [[Pelfinne]]. Fokke Ropta junior fan Roptastate troude mei Graets fan Eysinga. Neist Grut- en Lyts-Ropta en De Burch hie hy noch in soad oare pleatsen en stikken lân yn eigendom ûnder de doarpen [[Eanjum]], [[Ljussens]] en [[Moarre]] en in hûs yn Dokkum. Hy wie dan ek de rykste man fan de [[gritenij]].
 
[[Focke fan Ropta]] ferstoar frij jong yn 1512 krektas syn frou. De iene ferstoar op 24 juny, de oare op 4 july.