Oldhuistrastate (Mitselwier): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
red
 
Rigel 2:
'''Oldhuistrastate''', ek wol '''Aldhuistra''' neamd, stie oan de eastrâne fan de terp fan [[Mitselwier]]. Oer it ûntstean fan de oarpronlike stins is neat bekend.
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Mitselwier1 Kadastrale Kaart 1832.jpg|thumb|left|175px|Kadastrale kaart út 1832 mei in part fan de states fan Mitselwier]]
De wichtichste [[stins]] yn Mitselwier wie [[Roptastate (Mitselwier)|Roptastate]]. Dêrneist wiene ek [[Wibaldastate]] en [[Jaarsmastate (Mitselwier)|Jaersma]] âlde haadelingehuzen. Alletrije waarden yn 1422 al neamd. Fierder wiene der noch twa staten dy't fanwegen harren namme, grêften of (16de-uwske) bewenning opfalle: Oldhuistera en [[Fridshuistera]]. Beide waarden ek al yn 1511 neamd. Oldhuistra soe ôfgeand op de namme in stins west hawwe kinnen. It wie yn 1511 en ek nei 1640 in ferpachte pleats; yn de 16e iuw waard er in skoft troch aadlike eigeners bewenne.