Penda fan Mersia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 13:
Penda's hâlding foar Oswiu oer ferskilde yn dizze jierren. Oan de iene kant foel er [[Northumbria]] 1 kear of faker yn, dêr't er by oant [[Bamburgh]] kaam (foar 651), oan de oare kant trouden om 653 hinne syn dochter [[Cyneburh]] en syn soan [[Peada]] mei in soan en dochter fan Oswiu, wat op goede ferhâldingen tsjut.
 
Yn [[655]] foel Penda fannijs Northumbria yn, mei in grutte legermacht mei ûnder mear Aethelhere, [[Oethelwald]] fan [[Deira]] en [[Cadafael]] ap Cynfedw fan [[Keninkryk Gwynedd|Gwynedd]] as bûnsgenoaten. Hy siet Oswiu nei, en twong him in [[belêsting (fiskaal)|skatting]] te beteljen. Op de weromwei waard er lykwols troch Oswiu oanfallen en ferslein yn de [[slach by Winwaed]]. Fermoedlik is er sneuvele yn de slach. Oswiu besette noard-Mersia, wylst Penda's soan [[Peada]] kening fan súd-Mersia wurde mocht. Doe't dy it jier dêrop stoar, heakke Oswiu ek oan syn ryk ta. In oare sooan fan Penda, [[Wulfhere]] wist yn 658 de macht te gripen, mar earst yn de 8e iuw, ûnder [[Ethelbald fan Mersia|Aethelbald]] waard Mersia wer it machtige ryk dat it ûnder Penda west hie.
 
Penda wie de lêste [[heidendom|heidenske]] kening fan de grutte riken fan de [[heptargy]]. Syn soan Peada waard bekeard as betingst by syn houlik mei de Northumbriaanske prinsesse [[Ealhflaed]]. Penda bleau sels heiden, mar liet wol misjonêre aktiviteit op syn grûngebiet ta.