Sikke fan Goslinga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 42:
Fan Goslinga wie de soan fan jonker [[Jehan fan Goslinga]] en frelle Fedt Sofia fan Cammingha. Hy troude op [[12 juny]] [[1692]] yn [[Ballum]] op [[it Amelân]] mei Jeanette Isabelle barones thoe Schwartzenberg und Hohenlansberg, frijfrouwe fan it Amelân.
 
Hy studearre yn [[Universiteit fan Frjentsjer|Frjentsjer]] en [[Utert (stêd)|Utert]], en waard yn [[1788]], as opfolger fan syn heit, [[grytman]] fan Frjentsjerteradiel. Dêrnjonken wied er fjirtich jier lang lid fan de [[Steaten fan Fryslân]] en teffens deputearre nei de [[Steaten-Generaal]]. As deputearre te fjilde hied er fan [[1706]] oant [[1711]] it rjocht en jou befellen oan [[Republyk fan de Feriene Provinsjes|Steatske]] troepen yn oarlochssitewaasjes, wat er lykwols besocht sa folle mooglik oan 'e generaals oer litten. Yn Utert naam Fan Goslinga yn [[1713]] diel oan 'e ûnderhannelings dy't mei de [[Frede fan Utert (1713)|Frede fan Utert]] in ein makken oan 'e [[Spaanske Súksesjeoarloch]]. Yn [[1714]] en [[1715]] wied er bûtengewoan [[ambassadeur|gesant]] oan it Hof fan kening [[Loadewyk XIV fan Frankryk|Loadewyk XIV]] fan [[Frankryk]].
 
Syn grêftombe yn de tsjerke fan Doanjum is in ûntwerp fan de Antwerpske byldhouwer [[Jan-Baptist Xavery]].