E-mail: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Frysk
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 11:
E-mail dêr't de ûntfanger net folle wearde oan taskriuwt wurdt ''[[junkmail]]'' neamd. In foarm fan junkmail is ''[[Spam (post)|spam]]'', e-mail dy't sûnder te freegjen oan in grut tal ûntfangers ferstjoerd wurdt. In ''[[e-zine]]'' is in tydskrift dat fia e-mail ferstjoerd wurdt. In fariant dêrop is it [[e-nijsbrief]].
 
Foargongers fan e-mail binne it [[brief]], it [[telegram (telegrafy)|telegram]], de [[Teleks (kommunikaasje)|teleks]], de [[telefaks]] en binnen Nederlân it op Datanet basearre Memocom 400 dat lykwols nea súksesfol waard. Mooglik wurdt e-mail op termyn opfolge troch mobile kommunikaasje, lykas de [[Short Message Service|SMS]]. Yn de kontekst fan e-mail wurdt de folle stadiger briefpost faak ''snail mail'' neamd.
 
E-mail is tsjintwurdich benammen tagonklik fia it ynternet, mar e-mail kin ek bûten it ynternet om tagonklik wêze trochdat de oarspronklike e-mail net netwurkôfhinklik is.