Studint: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sybrand (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 6:
Yn har [[frije tiid]] binne in protte studinten aktyf yn [[studinteferiening]]s, mar om by sa'n klup as lid talitten te wurden, moatte se faak in [[ûntgriening]] ûndergean. [[Skiednis|Histoarysk]] is it dêrby gauris misgien, benammen by ferienings dy't ta it [[elite|elitêre]] [[Corps (studinteferiening)|Corps]] hearre, mei [[ferwûning|ferwûnen]] en sels [[dea]]den ta gefolch. Fierders binne der [[studintefakbûn]]en dy't opkomme foar studinten yn it algemien. Lanlik binne al dy [[fakbûn]]en feriene yn it [[Lanlik Studinte Fakbûn]] (LSVb) en it [[Ynterstedsk Studinte Oerlis]] (ISO). De rivaliteit tusken de beide lanlike fakbûnen makket dat se beide skerp bliuwe. Foar Nederlânske studinten dy't om utens studearje of studearje wolle, is der de [[organisaasje]] [[Nederlânske Wrâldwide Studinten]] (NEWS), it ferbân fan alle Nederlânske studinten yn it bûtenlân.
 
Yn [[Nederlân]] krije studinten yn it [[heger ûnderwiis]] (en learlingen yn it [[middelber ûnderwiis]] foarsafier't dy 18 [[jier]] of âlder binne) [[stúdzjefinansiering]], wêrmei't se ûnder harren stúdzjetiid (foar in diel) yn har ûnderhâld foarsjen kinne. De taparting fan stúdzjefinansiering wurdt regele troch de [[Tsjinst Utfiering Underwiis]], dy't fêstige is yn [[Grins (stêd)|Grins]]. By it ôfrûnjen fan harren stúdzje krije studinten yn 'e measte [[Jeropa|Jeropeeske]] [[lân|lannen]] in [[bachelor]]- of [[master (akademyske graad)|master]]titel, nei in systeem dat yn [[1999]] ynfierd is. Dêrfoar ferskilden de [[akademyske graad|akademyske graden]] per lân.
 
{| class="wikitable"