Islamityske kalinder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
De '''islamitiske jiertelling''' is de [[jiertelling]] dy't útein set mei it jier dêr't de ''[[hidjra]]'' yn plakfynt of de emigraasje fan de profeet [[Mohammed]] fan [[Mekka]] nei [[Medina (Araabje)|Medina]] en komt oerien mei [[15 july]] of [[16 july]] [[622]] fan de [[kristlike jiertelling]]. It wurdt binnen de [[Islam]] brûkt om bepaalde feestdagen en dagen dêr't op fêste wurdt te beskieden. De kalinder wurdt ek brûkt yn [[Saûdi-Araabje]] en lannen om dat lân hinne. De jierren wurde dêrneffens oantsjut mei ''AH'' (Anno Hegirae), wat in [[Latyn|latinisaasje]] is fan hidjra.
 
It islamityske jier hat 12 moannen dy't útgean fan de omrin fan it himellichem de moanne. Dêrom hat de Islamityske kalinder 11 dagen minder as in kalinder dy't basearre is op in sinnejier. Dat betsjut dat de islamityske jiertelling stadiger ferrint as de kristlike. Dat is te fernimmen oan de [[Ramadan]], it [[Sûkerfeest]] en it [[offerfeest]] dat alle jierren in oardel wike betider begjint.