Nêzjd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 22:
De Nêzjd hie yn [[2010]] 8,6 miljoen ynwenners, wat delkaam op 28% fan 'e befolking fan Saûdy-Araabje. De grutste stêd wie [[Ar-Riaad]], de Saûdyske haadstêd, mei 4,7 miljoen ynwenners. Oare grutte stêden yn 'e krite wiene [[Boeraida]], mei 506.000 ynwenners, [[Hayl]], mei 413.000 ynwenners, [[Unaiza]], mei 138.000 ywenners, en [[Ar-Rass]], mei 116.000 ynwenners.
 
De measte [[Arabieren|Arabyske]] stammen fan 'e Nêzjd binne fan [[Adnaniten|Adnanityske]] oarsprong. Harren foarâlden ferfearen yn 'e Aldheid út [[Tihama]] en de noardlike [[Hidjas]] wei nei de Nêzjd. Oant healwei de [[tweintichste iuw]] bestie it meastepart fan 'e Nêzjdyske befolking út [[nomade|nomadyske]] [[bedoeïnen]], mei dêropta, fral yn 'e oäzes yn it easten, ek [[sedintêr]]e [[lânbou]]wers, [[keapman|keaplju]] en [[ambachtsman|ambachtslju]]. In lyts oanpart fan 'e befolking bestiet út neikommelingen fan [[Afrika]]anske of [[Balkan|Súdeastjeropeeske]] [[slavernij|slaven]] (de slavernij waard yn Saûdy-Araabje pas yn [[1962]] ôfskaft). Sokken binne der lykwols folle minder as yn 'e Hidjas, in gebiet dat mei troch de lokaasje fan 'e hillige stêden [[Mekka]] en [[Medina (Araabje)|Medina]] dêre en de oansûgende wurking dy't dat op moslims út 'e hiele wrâld hie, in folle heterogenere befolking hat as de oanbuorjende Nêzjd. Yn dit ferbân spilen fierders ek de ôfhandige lizzing en ûnmeilydsume [[klimaat]] fan de Nêzjd mei, dy't makken dat útlanners it gebiet yn it ferline safolle mooglik mijden.
 
Hjoed de dei binne der net folle bedoeïnen mear yn 'e Nêzjd dy't noch in nomadysk bestean liede; yn 'e regel hawwe dy har no foarfêst nei wenjen set yn 'e stêden. Sûnt Saûdy-Araabje troch de [[ierdoalje|oalje]]winning in ryk lân wurden is, hawwe har yn 'e Nêzjd grutte groepen nijynkommelingen fêstige út alle oare regio's fan Saûdy-Araabje en ek út it bûtenlân. Dêrby giet it benammen om tsjinstfolk út [[Súd-Aazje|Súd]]- en [[Súdeast-Aazje]] en yn mindere mjitte om heechoplaat personeel út it Westen en út Súd-Aazje. Yn 'e stêd Ar-Riaad allinnich al meitsje bûtenlanners in trêdepart fan 'e befolking út, rom oardel miljoen minsken.