Sinne-ûndergong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st.
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Sunset 2007-1.jpg|right|thumb|250px|Sinne-ûndergong by [[Porto Covo]], oan 'e westkust fan [[Portegal]].]]
'''Sinne-ûndergong''' is it ferdwinen fan 'e [[sinne]] ûnder de [[hoarizon]] yn it [[westen]] as gefolch fan 'e [[draaiïng fan de Ierde]]. Dit is in ferskynsel dat op deistige basis foarkomt, meastal op 'e [[jûn]], mar yn 'e midden fan 'e [[winter]] op hegere [[breedtegraad|breedten]] faak ek in skoft al op 'e [[middei (deidiel)|middei]]. Plakken binnen de beide [[poalsirkel]]s, yn it uterste noarden en suden fan 'e [[Ierde]], hawwe teminsten ien dei yn it jier gjin sinne-ûndergong, as de [[poaldei]] oanhâldend 24 oeren efterinoar duorret. It ferskynsel dat tsjinsteld is oan sinne-ûndergong, as de sinne [[moarn (deidiel)|moarn]]s wer boppe de hoarizon út komt, hjit [[sinne-opgong]].
 
Yn 'e [[astronomy]] wurdt de sinne-ûndergong omskreaun as it momint dat de râne fan 'e sinneskiif ûnder de hoarizon ferdwynt. Deunby de hoarizon wurdt it ljocht fan 'e sinne troch [[atmosfearyske refraksje]] op sa'n wize brutsen dat de sinneskiif eins [[geomjitkunde|geomjitkundich]] al likernôch in [[diameter]] ûnder de hoarizon stiet as de sinne-ûndergong waarnommen wurde kin. Sinne-ûndergong kreëarret unike atmosfearyske omstannichheden, wêrby't de loft yn it westen faak felle (en gauris as tige moai ûnderfûne) [[kleur]]en oannimt, lykas [[read]], [[pears]], [[rôze]], [[oranje]] en [[giel]].