Smellingerlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynwennertal 2020
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 52:
Yn de [[midsiuwen]] hearde Smellingerlân, de meast súdlike grytenij fan [[Eastergoa]], ta it [[Aartsbisdom Utert (roomsk-katolike Tsjerke)|bisdom Utert]]. Yn de striid tusken [[Skieringers en Fetkeapers]] wie Smellingerlân by de lêsten oansluten en hat it in soad te lijen hân fan plonderingen. De [[reformaasje]] sette hjir fral troch nei it ynnimmen fan [[Grins (stêd)|Grins]] yn 1594.
 
Yn de [[17e iuw]] wie it haadplak [[Aldegea (Smellingerlân)|Aldegea]]. Yn dy iuw, yn [[1641]], waard ek de [[Drachtster Feart (wetter)|Drachtster kompanjonsfeart]] groeven, as in feanfeart. De ferfeanting wie gjin súkses, mar waard wol trochset en troch de feart krige dat gebiet in stimulâns, dêr't de flekke [[Drachten]] út fuort kaam, it hjoeddeiske haadplak.
 
De [[gritenij]] Smellingerlân waard yn [[1851]] in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] nei de ynfiering yn Nederlân fan de [[Gemeentewet]] fan [[Thorbecke]]. By de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] stie Smellingerlân it súdlike diel fan [[De Alde Feanen]] ôf oan 'e nije gemeente [[Boarnsterhim]].