Content deleted Content added
L fl
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 3:
 
==Opbou==
De anus bestiet by de minske út twa [[slútspier (anaalsfinkter)|slútspier]]en of sfinkters, dy't ynbêde lizze tusken de beide fleizige [[stuten]]. Dêrby giet it om 'e útwindige [[dwersstreke spierweefsel|dwersstreke]] slútspier, de ''musculus sphincter ani externus'', dy't bewust betsjinne wurde kin ta ôfsluting fan it [[rektum]] (de útein fan 'e [[earsterm]]), en de ynwindige slútspier, de ''musculus sphincter ani internus'', dy't út [[glêd spierweefsel]] bestiet en wêrfan't de wurking net bewust beynfloede wurde kin. De anus is fierders goed trochblet, mei ferskate grutte [[ier (lichemsdiel)|ieren]].
 
Unfertarbere itensresten, troch de [[lever]] útskate [[gal (stof)|galkleurstoffen]], ôfstate [[slymflues]]sellen en [[baktearje]]s dy't yn 'e [[term]]s groeid binne, wurdt fia de anus yn 'e foarm fan [[ûntlêsting]] út it lichem ferwidere.