Saailân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 7:
It plein lei eartiids bûten de stêd, mar kaam geandewei mear yn de stêd te lizzen. [[Willem Loadewyk]] oefene hjir mei syn soldaten. Op it plein wurde it hiele jier troch diskemerken, merke en oare eveneminten hâlden. Yn [[1865]] wie der in lânboutentoanstelling. Letter waarden der ek [[Keatsen|keatswedstriden]], [[ringriderij]]en, feemerk en sjippekistereses hâlden. Fan [[1867]] oant [[1987]] stie oan 'e súdlike râne fan it plein de [[Ryks-HBS (Ljouwert)|Ryks-HBS]], dy't fan [[1968]] ôf RSG hiet.
 
Flak foar de befrijing waard yn april [[1945]] it [[Old Burger Weeshuis (Ljouwert)|Old Burger Weeshuis]] troch de Dútsers yn de brân stutsen. Letter soe dêr it gebou fan de wetterlieding ferrize. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] wienen ek de Sjah fan Perzje en de Kanadeeske [[M4 Sherman|Shermantanks]] te besjen. Om it plein stienen kafees mei nammen as ''Houbein'', ''de Nederlanden'', ''Us Thús'', ''Friesch koffiehuis'' en ''City Bar''. Yn 2011 sit allinnich kafee 'It Wapen fan Ljouwert' der noch, dêr't de keaplju op freed by elkoar sitte.
 
Yn [[2008]] waard it plein troch keunstner [[Henk Hofstra]] beskildere mei in tal tige grutte spegelaaien. Yn [[2011]] wie yn it [[Histoarysk Sintrum Ljouwert]] in eksposysje oer it plein te sjen. Yn [[2013]] stie it [[Glêzen Hûs]] fan [[Serious Request]] (Radio [[3FM]]) op it Saailân.