Liudgertsjerke (Garnwerd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Liudgertsjerke ''Liudgerkerk'' | ôfbylding = Liudgertsjerke (Garnwerd).jpg | ôfbyldingsbreedte =..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 29 nov 2020 om 10.01

De Liudgertsjerke yn Garnwerd yn de provinsje Grinslân is in tsjerkegebou fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. Tsjerklik falt Garnwerd ûnder de PKN-Ezinge.

Liudgertsjerke

Liudgerkerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Garnwerd
adres Boargemaster Brouwerstrj. 3
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 13e iuw
boustyl Romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15559 [1]
offisjele webside
Side PKN gemeente Ezinge

Skiednis

Fan de tsjerke is it fiifsidige koer it âldste diel, dat yn it begjin fan de 13e iuw boud waard. It skip is fan lettere tiid en moat tsjin it ein fan de 14e iuw boud wêze. De âlde toer stoartte yn 1738 foar in grut part yn en waard yn 1751 mei de westlike muorre op 'e nij boud. Dat jier is te lêzen op de stien, dy't neffens de tekst yn 1816 in âldere stien ferfong.

Patroanhillige fan de tsjerke wie nei alle gedachten de apostel Liudger. Oant 1888 hong yn de toer in klok út 1520, wêrfan't it ynskrift ferwiisde nei de hillige.

Ynterieur

 
Oargel

Yn de tsjerke is in sarkofaachdeksel fan reade sânstien te sjen út de 12e of 13e iuw. De deksel is dekorearre mei sinnerêden. Kânsel en hearebank binne 18e iuwsk. Ek de tige moaie nachtmielstafel yn Loadewyk XIV-styl is 18e-iuwsk. It yn de tsjerke healrûne koer is fersierd mei hege, ûndjippe spitsbôgen mei dêryn ûnder djippere rûnbôgenissen.

Oargel

It oargel waard yn 1809 yn opdracht fan Carolus Justus Lewe, hear fan Aduard, boud troch Lambertus van Dam út Ljouwert. Yn 1834 waard it oargel troch syn soannen útwreide mei in twadde manuaal. It oargel hat 18 registers; it pedaal is oanhongen. De tuorren binne fersierd mei bylden fan S. van Lekkum, dy't it Leauwe, de Hope en de Leafde symbolisearje.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: