Brittanje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 3:
 
== Oermastering troch de Romeinen ==
De oermastering fan Brittanje begûn mei keizer [[Klaudius]] yn [[43]], mar de Britten bleaunen noch in skoft opstannich. Ferneamd wie de opstân fan [[Boudicca]] yn [[60]]-[[61]]. De Romeinen teagen ûnder [[Julius Agrikola|Agrikola]] fierder nei [[Skotlân]], mar út it noarden wei bleau it ferset fan de [[Pikten]]. Dêrom bouden de Romeinen twa ferdedigingsmuorrenferdigeningsmuorren: De [[muorre fan Hadrianus]] en de [[Muorre fan Antoninus|muorre fan Antoninus Pius]].
 
Brittanje hat in skoft ûnderdiel fan it [[Gallo-Romeinske Ryk|Galyske keizerryk]] west ([[260]]-[[274]]), en in stikmannich jier letter ([[287]]) wie de súksesfolle generaal [[Karausius]] baas yn Brittanje. Hy waard lykwols fermoarde, en syn opfolger, [[Allektus]], waard ferslein troch keizer [[Konstantius I]], sadat yn [[296]] Britanje wer in diel fan it Romeinske Ryk wie.
 
[[Ofbyld:Romanbritain.jpg|thumbnail|left|Romeinsk Britannia mei de wichtichste diken en stêden]]
Healwei de [[3e iuw]] waarden de measte stêden fan stiennen muorren en ferdedigingswurken foarsjoen. Utsein Londinium wienen de stêden oer it generaal net grut.
 
Yn [[306]] kaam Konstantius him wêrom nei Brittanje. Hy hie te krijen mei ynfallen en fersloech de [[Pikten]]. Mar dêrnei stoar hy hommels doe't hyer yn [[York (Ingelân)|York]] wie. Syn soan [[Konstantyn de Grutte|Konstantyn]] waard troch syn troepen as syn opfolger útroppen. HjirneiDêrnei folge in rite fan ynterne striid, wêryn't Konstantyn as keizer oerbleau.
 
DizzeDy perioade wie foar Brittanje in perioade fan grutte bloei, dy't ta it grutste part fan de 4e iuw trochgean bliuwe soe. Der waard yn dizze periodeperioade in soad boud en op tal fan plakken ferskynden grutte partikuliere huzen.
 
Healwei it midden fan de iuw waard de sitewaasje lykwols minder en waard Brittanje fan ferskate kanten oanfallen troch [[Pikten]], [[Skotten]], [[Attakotty]], [[Saksen (folk)|Saksen]] en [[Franken]]. DizzeDy swiere oanfallen barden tusken [[364]] en [[367]] en wurde de ''barbaria conspiratio'' neamd. [[Theodosius de âldere]] (de heit fan de lettere keizer [[Theodosius I]] kaam yn [[368]] nei Brittanje mei in grut ekspedysjeleger om de oarder weromkomme te litten.
 
Yn [[383]] waard generaal [[Magnus Maksimus]] troch it leger yn Brittanje as keizer útroppen. Maksimus hie mei [[Theodosius de âldere]] yn Brittanje op fjildtocht west, en hie sels in stikmannich oerwinnings helle. Hy stuts mei in grut diel fan syn troepen oer nei [[Galje]] om syn machtsgebiet út te wreidzjen. Neidat in grut diel fan de troepen werom gong waard Brittanje wer oanfallen. Mar yn [[388]] nei it ferstjerren fan Maksimus kaam de rêst op werom. Pas yn [[398]] kaam der wer in grutte oanfal fan de Pikten.
 
== De ein fan de Romeinske hearskippij ==
Yn [[402]] waard troch [[Stilicho]] in grut part fan de troepenmachttroepemacht út Brittanje weihelle omdat it earne oars yn it ryk better ynsetten wurde koe. Germaanske folken as de [[Alanen]], [[Fandalen]] en [[Sueben]] makken tankber gebrûk fan de sitewaasje en foelen Galje oan. Oare legerûnderdielen yn Britanje kamen dêrby yn opstân. Ut harharren fermidden waardwaarden achterinoar ta keizer útroppen [[Jehannes Markus|Marcus]], [[Gratianus (Britannia)|Gratianus]] en [[Konstantyn III|Konstantyn]]. De earste twa bleaune mar koart oan it bewâld, mar yn [[407]] ûnder Konstantyn stuts sawat it hiele Romeinske leger it Kanaal oer nei Galje. Konstantyn waard nei in stikmannich jierren fan in protte striid (tsjin ynfallers, tsjin keizer [[Honorius]] en tjin oare opstânnelings en troanpretindinten) úteinlik yn [[411]] ferslein en deade. Yn [[409]] wiene der yn Brittanje gjin Romeinske soldaten mear en der soenen ek gjin troepen mear hinne stjoerd wurdenwurde.
 
[[Kategory:Romeinske provinsje]]