Gerrit Breteler: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
box
red
Rigel 39:
 
=== Kredo Quia Absurdum ===
Mei [[Etikus|etika]] dûmny Yvonne Hiemstra brocht er yn Fryske tsjerken it teaterprogramma Kredo Quia Absurdum. In muzyk- en fertelfoarstelling wêrby't God terte sprakepraat komt yn de striid tsjin de ferflakking yn de maatskippij. Mei de tema's 'Doe’t God ferdwûn út Jorwert' en 'It druvehôf fan Naboth' wurde de minsken oan it tinken setten yn in ôfwikseling fan sang en foardracht. it Kredo Quia Absurdum pretendearret fernijing te bringen op it snijflak fan keunst, religy, kultuer en filosofy, mei respekt foar wat wie en ea bestie. De reade tried yn de foarstelling is leauwe, leafde en fergonklikheid.
 
=== Opus Exit ===
Yn 2008 skriuwt er teksten by de muzyk fan [[Opus Exit]]. Mids juny 2008 waard dit rekwyemrekwiëm 'Oer de Seedyk' by [[Peazens-Moddergat]] opfierd en registreard troch [[Omrop Fryslân]]. It is in oade oan de fiskersramp yn by [[Peazens-Moddergat]] wêrby't yn 1883 83 fiskers ferdronken. Dit rekwyem giet oer de teloargong fan de âlde boere- en fiskerskultuer, mar ek oer eltseniens libben dat foarby giet. It ferlies oan identiteit is net allinnich in Fryske oangelegenheid, fynt Breteler. Mar it is neffens him oan Fryslân dúdlik te sjen dat iuwenâlde tradysjes yn ien generaasje ferdwine. De teatrale foarstelling is in kombinaasje fan in unike iepenloftlokaasje mei sicht op [[It Waad]] en de histoarje oanfold mei solisten as hysels, [[Miranda van Kralingen]] en koarpartijen troch Vocaal Ensemble Cantatrix, orkestbegelieding troch it Nij Filharmoanysk Orkest.
 
=== De Oerbliuwers ===
Foar it Iepenloftspul De Harkema skreau Breteler it toanielstik ''De Oerbliuwers''. Yn dit stik oer 'Ferstêdlikingferstedsking' is sprake fan ferhúzjen fan de ynwenners fan de noardlike provinsjes nei de Rânestêd. Dit omdat dêr wurk, dynamyk en takomst lizze soe. Bulldozers steane al klear om it lân fan de oerbliuwers om te romjen.<ref>[https://www.gerritbreteler.nl/de-oerbliuwers/ De Oerbliuwers], breteler.nl</ref>
 
=== Fjouwer Kroechteäterstikken ===