Sosjaaldemokrasy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
objektyf
 
Rigel 1:
{{Politike ideology}}
'''Sosjaaldemokrasy''' is de oantsjutting foar in politike beweging dy't op [[demokrasy|demokratyske]] wize yn de besteande maatskiplike of politike oarder in [[sosjale wetjouwing]] of in stadige herfoarming op grûn fan min ofte mear egalitêre begjinsels foarstiet. '''Sosjaaldemokraten''' binne oanhingers fan dizzedy beweging, dy’t fan oarsprong in reedlike foarm fan [[sosjalisme]] is.
 
Faak wurdt de term sosjalisme brûkt om sosjaaldemokraten oan te tsjutten, al is ''sosjalisme'' in breder begryp dat ek linksere ideologyen binnen en bûten it parlemintêr stelsel (lykas al as net [[revolúsjonêr]]e [[kommunisme|kommunisten]] en soms [[anargist]]en) omfettet. Der wurde wol fraachtekens setten by de yndieling fan sosjaaldemokrasy ûnder sosjalisme, benammen troch linksere sosjalisten.
 
== Skiednis ==
Begjin [[20e Iuwiuw|tweintichste iuw]] kaam der in skieding yn it sosjalisme tusken de revolúsjonêren en parlemintêren.
 
Foar de [[Oktoberrevolúsje]] fan [[1917]] yn [[Ruslân]] waard de oantsjutting ‘sosjaaldemokratysk’ ek brûkt foar [[marksisme|marksistysk]]-revolúsjonêre partijen. Nei [[1918]] feroaren in protte fan dy partijen harren namme yn ‘kommunistyske partij’, lykas de [[Russyske Kommunistyske Partij]], dy't dêrfoar [[Russyske Sosjaaldemokratyske Partij]] hiet.