Abe de Vries (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Bibliografy: + nij wurk
Rigel 23:
 
Yn jannewaris 2013 ferskynde de sechsde bondel ''Ravensulver/Ravenzilver''. Al twa jier letter, yn 2015, ferskynde de sânde bondel, ''Brek dyn klank''. ''Brek dyn klank'' giet opnij yn op de postmoderne ûntwoartele relaasjes, mar fan in mear delikaat, trochlibbe perspektyf út as it eardere wurk, wylst it tagelyk de klassike foarm bewarret.<ref>[http://home.planet.nl/~meul2882/fries/Vries,Abede.html "Abe de Vries"]. ''Friese-literatuursite''. Jelle van der Meulen. 2015. Krigen 1 desimber 2015.</ref>
 
Mei ''Opskuorgebieten'', yn 2017, wiene de matearje en foarm feroare. Yn fêste fersfoarm, mei einrym en metrum, waard it persoanlike polityk. De mankelikens bleau, mar net langer lei de boarne dêrfan by de inkeling dy't syn natuer net de baas kin. Oarsom stribbet de 'ik' yn ''Blaumelly'' (2020) net minder romantysk as yn de ''Weromkommer'' nei ferbining mei de dingen om him hinne. En dat slagge ek, as de macht de dichter syn lân en syn taal net ferrinnewearje soe.
 
== Essays ==
Dêrneist is De Vries ien fan de belangrykste essayskriuwers fan Fryslân. In stikmannich wichtige essays oer de Fryske poëzy hawwe har wei fûn as ynliedingen fan antologyen en sammelbondels. De essaybondels oer de Fryske literatuer, ''Identiteit & kowesturten'' út 2008, ''Erfskip & krisis'' út 2015 en ''Winternocht & moannereis'', yn tarieding, binne in idiosynkratyske mjuks fan empiryske literatuerskiednis, filosofyske kultuerkrityk en persoanlike refleksje op de eigen woartels. De fariearre aspekten wurde byinoar holden troch in sterk engaazjemint. De lêste bondel, ''Winternocht & moannereis'', is dêrby rjochte op dekanonisearring fan de njoggentjinde-iuwske Fryske literatuer. De bondel is net op papier útbrocht mar hielendal te lêzen op literêr tydskrift ''Fers2''.
 
== Fotografy ==
Line 40 ⟶ 42:
* 2013 - ''Ravensulver/Ravenzilver''
* 2015 - ''Brek dyn klank''
*2017 - ''Opskuorgebieten''
* 2019 - ''Mienskar'', 35 [[sonnet]]ten (allinne as e-boek útbrocht)
*2019 - ''Mienskar, sonnetten'' (ferspraat as pdf)
* 2020 - ''Blaumelly''
*2021 - (Op komst) ''Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam / Ik bond mijn koe vast aan een appelboom'' (Twatalige blomlêzing)
*2021 - (Op komst) ''Mienskar''
 
=== Essays ===
* 2008 - ''Identiteit & kowesturten. Essays oer Fryske literatuer''
* 2015 - ''Erfskip & krisis. Essays oer Fryslân en Fryske literatuer 2''
* 2016 - yn tarieding - ''Winternocht & moannereis.'' ''Essays oer Fryske literatuer 3''
 
===Oersettings===
Line 67 ⟶ 71:
* 2009 - ''Boerewurk'' - [[Johannes Doedes de Jong]]
* 2009 - ''Giftige Zomer / Giftige Simmer'' (mei [[Albertina Soepboer]])
*2016 - ''Marten Hepkes Bakker: Dan krije ek de fûgels dien - gedichten''
 
== Prizen ==