Death Wish (filmsearje): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 40:
Yn ''Death Wish II'' is Kersey (Charles Bronson) mei syn noch altyd katatoanyske dochter Carol ([[Robin Sherwood]]) nei [[Los Angeles]] [[ferfearn]], dêr't er in nij bestean opboud hat. Hy hat sels wer in [[romantyk (leafde)|romantyske]] [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] krigen, mei Geri Nichols ([[Jill Ireland]]), in [[ferslachjouster]] foar in pleatslike [[tillefyzjestjoerder]]. Op in dei, as Kersey yn 'e stêd is mei Carol en Geri, wurde se [[dieverij|berôve]] troch in [[strjitbinde]]. Hy fjochtet werom, mar fjouwer fan 'e fiif bindeleden witte te ûntkommen. Se hawwe syn [[beurs]] dêr't syn [[adres]] yn stiet, dat om [[wraak]] te nimmen, sette se nei syn hûs ta, dêr't se syn [[húshâldster]] Rosario ([[Silvana Gallardo]]) [[gizeling (misdriuw)|gizelje]] en ferkrêftsje.
 
As Kersey thúskomt mei Carol, slane se him [[bewusteleas]], [[moard|fermoardzje]] se Rosario en [[ûntfiering|ûntfiere]] se Carol nei harren skûlplak, dêr't se har ek ferkrêftsje. As se besiket fuort te kommen, falt se op in [[stek (ôffreding)|stek]] mei grutte pjukken en wurdt se [[speetsen|speetst]]. Kersey wegeret mei te wurkjen oan it ûndersyk dat troch it [[Los Angeles Police Department]] (LAPD) nei de saak ynsteld wurdt. Ynstee begjint er op 'e nij as figilante jacht te meitsjen op 'e dieders, wêrby't er syn aktiviteiten net inkeld foar de plysje, mar ek foar Geri geheim besiket te hâlden. It LAPD ropt de help yn fan resjersjeur Ochoa (Vincent Gardenia) fan it [[New York Police Department]] (NYPD), dy't inkele jierren earder in soartgelikense saak behannele hat. ''Death Wish II'' waard op 'e nij regissearre troch Michael Winner, nei in senario fan [[David Engelbach]]. De film gie op [[11 febrewaris]] [[1982]] yn premiêre, en brocht $45 miljoen op tsjin in budget fan $8 miljoen.
 
==''Death Wish 3''==