Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 761:
 
Diskusjepunt: Steinbach fynt dat behearders der inkeld binne om siden fuort te smiten en fandalen út te sluten en Theun fynt dat oerlis en konfliktbehearsking net de taak fan behearders is. Krekt as Theun haw ik ek net folle mei diskusje en konflikten (dat nimt allinne mar tiid út it skriuwen en opladen fan nije artikels), mar ik fyn wol dat je as behearder no ienris beskate ferantwurdlikheden hawwe. En dy geane fierder as siden wiskje en fandalen útslute. Ik haw it altyd sa sjoen dat je as behearder ek sichtber oanwêzich wêze moatte en beskikber wêze moatte om mei te tinken oer dingen en der ek soarch foar drage moatte dat konflikten tusken meidoggers net út 'e hân rinne, en dat je ek regels opstelle moatte as dat nedich is en it neilibjen dêrfan ôftwinge moatte. Lokkigernôch hat dat net faak nedich west, om't we mar mei sa'n lyts groepke binne. Wat fine oaren hjirfan? [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 2 jul 2021, 00.28 (CEST)
:Ik sil net alles werhelje wat ik boppe sein haw, mar ik wol al wite wêrom't behearders no mear plicht hawwe om mei te tinken oer it beleid. Dat liket my de taak fan alle (aktive) meidoggers. [[Meidogger:Steinbach|Steinbach]] ([[Meidogger oerlis:Steinbach|oerlis]]) 2 jul 2021, 01.02 (CEST)
 
Diskusjepunt: Wat de beheardersrjochten fan (frijwol) ynaktive behearders oangiet. Wat moatte wy dêrmei dwaan? Of wat kinne wy dêrmei dwaan? [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 2 jul 2021, 00.28 (CEST)
::Technysk: allinich in steward kin spesjale meidoggersrjochten fuorthelje. As de mienskip yn konsensus of troch stimming beslút om meidogger Sa-en-sa syn rjochten ôf te nimmen, moat der op [[meta:Steward_requests/Permissions#Removal_of_access|dizze side]] in fersyk dwaan wurde. [[Meidogger:Steinbach|Steinbach]] ([[Meidogger oerlis:Steinbach|oerlis]]) 2 jul 2021, 01.02 (CEST)
 
== Wikimania 2021: Individual Program Submissions ==