Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 779:
:Nochris: ik fyn it best as jim yn konsensus beslute dat ik en wat oaren myn rjochten mar opjaan moatte. Mar ik sjoch by God net yn wat de Fryske Wikipedia dêroan hat. Misbruke wy dy rjochten faaks? Stel no, dat de twa oerbliuwende aktive behearders allebei mei ferkansje binne (en net hieltyd op har smartphone Wikipedia byhâlde) en jo krije last mei fandalen. Dan kinne jim no noch freegje: Steinbach, kinst asteblyft efkes helpe? Of as jim gelok hawwe sjoch ik it sels. As ik dy rjochten net mear haw, kin dat net mear. En dat alles foar dy behearder dy't wrok fiele koe?
:Ik sil jim fierders noch wat sizze. Dit sil wol wer in einleaze dikusje wurde. Ik fyn dat sûn fan myn tiid, en dy fan jim. Al dy tiid dy't je steke yn prate oer beheardersrjochten al of net ofnimmen, kin net mear oan de ensiklopedy útjoen (?) wurde. Ik lûk my derút werom; dan hear ik wol of ik dy rjochten hâlde mei of net. Let wol: dat jildt allinich foar dit spesifike diskusjepunt. Ik fyn fansels net dat alle diskusjes ûnnedich binne.
::{{Ping|Steinbach}} Sjoch, Steinbach, ik besykje hjir earlik wer te jaan wat der spilet. Dêr kinne jo wol lulk om wurde, mar dêr doch ik it net om, en dêr sjit ek net ien wat mei op. En hoewol't it wier net sa is, dat ik de hiele dei oan wei troch op 'e ynaktive behearders rin te skellen en te flokken, is it wol sa dat ik der fan tiid ta tiid wolris wat argewaasje fan haw dat der noch seis oare behearders binne dy't net mear meidogge oan it projekt en ek net witte wat der spilet. Oer it algemien kinne Drewes en ik it wol allinne ôf, hoewol't wat fersterking by de deistige dingen ek wolkom wêze soe. Mar dat we de oare behearders der oan it hier byskuorre moatte as der problematyske kwestjes binne, fyn ik eins net kinnen. Wat mear belutsenens fan 'e oare behearders soe ik net mear as normaal fine. As jo yn it bestjoer fan in feriening sitte, wurdt ek ferwachte dat jo sa út en troch ris oanwêzich binne. Mar jo hawwe blykber in folslein oare kijk op it behearder-wêzen as ik. No ja, it is net oars. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 3 jul 2021, 00.28 (CEST)
 
== Wikimania 2021: Individual Program Submissions ==