Justus fan Beauvais: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
L →‎Reliken: [[]] oars
Rigel 48:
 
== Reliken ==
Sint-Justus wurdt fral fereare yn [[Frankryk]], [[Switserlân]] en [[Belgje]]. Syn kultus ferspriede him fierder yn [[Ingelân]]. De stêd [[Winchester (Ingelân)|Winchester]] seit in fragmint fan de skedel te besitten. Mar der binne mear plakken dêr't de skedel fan Justus wurdt bewarre. Doe't de [[Fransiskanen]] it kleaster Galilea yn [[Sutfen]] stiften, namen hja in holle[[relikwy]] fan Sint-Justus mei. Yn de 16e iuw waard de skedel fan Sint-Justus stellen en nei omswalkings kaam de skedel lang om let yn de [[Antwerpen|Antwerpske]] Sint-Karolustsjerke telâne, dêr't ek hjoeddedei de hollerelikwy noch bewarre wurdt.<ref>[https://www.destentor.nl/zutphen/schedel-van-heilige-justus-9-hoort-in-zutphen~ae4349db/?referrer=https%3A%2F%2Fwww.google.com%2F De Stentor: Schedel van heilige Justus (9) hoort in Zutphen, 22.12.2018]</ref><ref>[https://www.contactzutphen.nl/nieuws/algemeen/235079/stadsarcheoloog-op-npo-radio-1-over-zutphense-reliekenroof Contact Zutphen: Stadsarcheoloog op NPO radio 1 over Zutphense reliekenroof, 19.12.2018]</ref>
 
In diel fan de holle wurdt ek yn de eardere [[benediktinen|benediktynske]] [[abdij fan Corvey]] as relikwy fereare. In hast folslein bewarre skedel wurdt yn Flums yn it Switserske kanton St. Gallen fereare. Ek it bisdom Chur yn [[Switserlân]] en de [[abdij fan Malmedy]] yn Belgje soene reliken krigen hawwe.