Ottawa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 41:
Ottawa waard op [[31 desimber]] [[1857]] as de haadstêd fan Kanada keazen: de kar foar de stêd wie in kompromys, omdat oare kandidaten lykas [[Montréal]] en [[Toronto]] tefolle yn de Frânske of Ingelske tradysje stienen. Boppedat lei de stêd in stik fierder fan de Amearikaanske grins ôf, wat as in (militêr) foardiel beskôge waard.
 
It parlemintsgebou fan Ottawa waard boud op in gloaiende heuvel, ''Parliament Hill / Colline du Parlement'', tichtby it begjinpunt fan it Rideaukanaal. Op [[3 febrewaris]] [[1916]] brânne it gebou ôf wêrnei yn [[1922]] it hjoeddeistige gebou oplevere waard mei de ''Peace Tower / Tour de la paix'', de [[klokkentorenklokketoer]], dy't tsjintwurdich it symboal foar de haadstêd is.
 
Ottawa wie tidensyn de [[Twadde Wrâldoarloch]] it wenplak fan prinses Juliana mei har bern, wêrtroch de stêd noch altiten in bysondere bân mei [[Nederlân]] hat. EltsAlle jierjierren, yn de moanne [[maaie]], fynt yn Ottawa it ''Tulip Festival / Festival des tulipes'' plak, wêrby't it Nederlânske keningshûs 10.000 tulpenbollen nei de stêd stjoert as tankberens foar de hûsfesting fan de keninklike famylje en de befrijing fan Nederlân troch de Kanadezen.
 
Ottawa foarmet tegearre mei it yn Québec lein [[Gatineau]] de ''National Capital Region / Région de la capitale nationale''.
{{clear}}
 
== Berne yn Ottawa ==
* [[Lorne Greene]] ( [[12 febrewaris]] [[1915]] ), radiopresintator, nijslêzer, sjonger en akteur