Provinsjes fan Noarwegen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
FreyaSport (oerlis | bydragen)
FreyaSport (oerlis | bydragen)
by de tiid en oanfolling
Rigel 1:
{{wurk}}
'''[[Noarwegen]]''' hat in sintraal bestjoer dat yn [[Oslo]] sit hat en sûnt [[1 jannewaris]] [[2020]] ferdield is yn 11 '''fylker''' ('''provinsjes''').
De bestjoerslaach sit tusken de sintrale oerheid, regear en parlemint (de [[Storting]]) en de gemeenten yn. Oslo is tagelyk in provinsje en in [[Oslo|stêd]]. De yndieling yn fylker is sûnt [[2018]] mear as ien kear feroare. Yn [[2018]] waarden [[Nord-Trøndelag]] en [[Sør-Trøndelag]] gearfoege ta [[Trøndelag]]. Yn 2020 folge in fierdere weryndieling, en op 1 jannewaris [[2024]] feroaret de yndieling noch ris om't in tal weryndielingen weromdraaid wurde sille.
Line 41 ⟶ 40:
 
Neist provinsjes is Noarwegen ek noch yn gruttere geografyske lânsdielen ferparte, sjoch de tabel. Dat is lykwols net bestjoerskundich fêstlein. (Fergelykje [[Sweedske lânskippen]])
 
==Skiednis==
* Oant [[1662]] wie Noarwegen yn len en sysler yndield. Taalkundich binne der noch hieltyd spoaren fan dy yndieling te finen yn hjoeddeiske plaknammen. Yn 1662 waarden lângemeenten, distrikten, kombinearre yn fogderier en amt, dêr't fan ferwachte waard dat se yn beskate maatskiplike belangen bydroegen.
* [[1837]]: wetten oer it bestjoer fan in gemeente en de opset fan in troch it folk keazen administraasje oannommen, it Amtsting.
* [[1918]]: De beneamingen wurde feroare fan Amt en Amtsting, nei Fylke en Fylkesting.
* [[1924]]: Kristiania Fylke wurdt bestjoerlik gearfoege mei Akershus.
* [[1935]]: Kristiania Fylke wurdt omdoopt ta Oslo Fylke, en Møre ta Møre og Romsdal fylke.
* [[1961]]: In wet oangeande de fylkeskommuner (provinsjes) wurdt troch it [[Stortinget|parlemint fan Noarwegen]] oannommen.
* [[1964]]: gemeenterieden (en stedsrieden) krije stimrjocht foar de provinsjerieden; harren macht is ôfhinklik fan it tal ynwenners fan de gemeenten/stêden. Fylkesordføreren (keazen troch de gemeenten/stêden) is de foarsitter foar de sittingen fan it bestjoer fan de provinsje, wylst de Fylkesmann troch de steat oansteld wurdt. Noarwegen hat mar 18 Fylkesmenn om't Oslo en Akershus ien Fylkesmenn diele. Gewoanwei wurde dizze twa provinsjes dan ek "''De provinsjes fan Oslo en Akershus''" neamd. Om it noch yngewikkelder te meitsjen sit op Spitsbergen in troch de Kening beneamde Sysselmann, dy't deselde macht hat as de Fylkesmann.
* [[1968]]: Bergen Fylke wurdt gearfoege mei Hordaland (Bergen wurdt de haadstêd fan Hordaland).
* [[1976]]: De posysje fan de provinsje kriget in nije funksje (en plak) yn it lokale bestjoer. Direkte ferkiezingen wurde ynfierd, de Fylkesmann giet út de provinsjeried (Fylkestinget) en is net langer ferantwurdlik foar it tarieden fan de ûnderwerpen derfoar. It bestjoer leit no yn de hannen fan de troch it folk keazen leden.
* [[2018]]: [[Nord-Trøndelag]] en [[Sør-Trøndelag]] wurde gearfoege ta de provinsje [[Trøndelag]].
* [[2020]]: In tal provinsjes wurdt gearfoege:
** [[Troms]] en [[Finnmark]], de twa meast noardlik lizzende provinsjes, wurde gearfoege ta [[Troms og Finnmark]].
** [[Hedmark]] en [[Oppland]] fusearje ta de provinsje [[Innlandet]].
** [[Buskerud]], [[Akershus]] en [[Østfold]] foarmje de fúzjeprovinsje [[Viken (provinsje)|Viken]].
** [[Aust-Agder]] en [[Vest-Agder]] fusearje ta [[Agder]].
** [[Sogn og Fjordane]] en [[Hordaland]] wurde gearfoege ta de provinsje [[Vestland]].
** [[Vestfold]] en [[Telemark]] wurde gearfoege ta [[Vestfold og Telemark]]
* [[2024]]: de provinsjale weryndielingen fan [[Troms og Finnmark]], [[Viken (provinsje)|Viken]] en [[Vestfold og Telemark]] wurd ûngedien makke.
 
===Fylker fan 2018 oant 2020===
{| class="wikitable sortable"
|+De Noarske provinsjes
|-
!Fylke (provinsje)
Line 92 ⟶ 110:
===Fylker fan 1976 oant 2018===
{| class="wikitable sortable"
|+De Noarske provinsjes
|-
!Fylke (provinsje)