Ynkwisysje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: De '''Inkwisysje''' wie in soartmint rjochtbank fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, belêst mei de opspoaring, it ûndersiik en it straffe fan ketters, minsken dy't oare opfetting...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 des 2007 om 20.11

De Inkwisysje wie in soartmint rjochtbank fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, belêst mei de opspoaring, it ûndersiik en it straffe fan ketters, minsken dy't oare opfettings hienen oer it leauwen yn Kristus of de offisjele lear fan de Tsjeke ôfwize.

De Inkwisysje wie in tige krêftich ynstrumint, dat fuortendaliks ûnder it gesach stie fan de paus. Sels de biskoppen hienen gjin sizzenskip oer de ienfâldige muontsen dy't de inkwisiteurs eins wienen, omdat inkwisiteurs ek it dwaan en litten fan biskoppen ûndersykje mochten. Boppedat hie de paus bepale dat alle dieden tsjin de Inkwisysje, ek rjochterlike prosedueres, bestrafe soenen wurde mei ekskommunikaasje. Dêr troch stie de Inkwisysje ek boppe alle wrâldsk gesach en tige machtich.

Lykwols wie de Inkwisysje op wissige hichte ôfhinklik fan de wrâldske macht, omdat sy sels net straffe koenen. Hja hienen allinnich de foech om te ûndersykje. Sa gau de ketters feroardiele wienen, wie wrâldske autoriteit nêdich om de straf út te fieren.

Oprjochting

De Inkwisysje waard oprjochten troch de dominikanen, in kleasteroarder stifte troch Dominikus Guzman, tidens de krústocht tsjin de Kataren.

De earste oanset waard jûn yn 1157 op it Konsilje fan Reims, dêr't foar it earst troch de Tsjerke praten waard oer metodyske bestriding fan ketterijen. Yn 1184 folge it dekreet fan Ferona, dêr't Lusius III yn oerlis mei keizer Frederik II de wrâldske macht oprôp ynpgripe te nimmen tsjin de doedestiids wiidfersprate "ketterijen" yn Jeropa.

Yn 1211 rôp Simon de Montfort, de lieder fan de krústocht tsjin de katharen yn Pamiers in ‘parlement’ byïnoar. Hjir waarden rigels bedocht dy't letter brûkt wurde soenen en waard de gearwurking tusken tsjerke en steat fêstlein. Sûnt die tiid koe de inkwisysje stadich oan begjinne mei in systematyske ferfolching fan kataren en oartinkenden.

Ein

Sa as oerienkomen wie hie de inkwisysje net de foech om straffen út te fieren. Doe letter de wrâldske macht net langer meiwurkje woe oan de útfiering fan de straf, lykas úteinlik opnommen waard yn de grûnwet, nammenlik troch de skieding fan tsjerke en stead, waard tsjerklike inkwisysje eins machteleas. Sûnt dy tiid beheint de macht fan de inkwisysje har inkeld ta de eigen gelederen binnen de eigen tsjerke.

Keppeling om utens