Perzyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
ik haw it útwreiding mei de ûntsteanskiednis, moat noch wol neisjoen wurde op staveringflaters
Rigel 1:
{{stobbe-skiednis}}
[[Ofbyld:Persian empire 490bc.gif|thumb|It Perzyske Ryk yn 490 f. Kr.]]
It '''Perzische Ryk''' is de namme dy't brûkt wurdt foar it tiidrek tusken [[559 f. Kr.]] en [[651|651 n. Kr.]] dat it tsjintwurdige [[Iran]] regearre waard troch in tal dynastyën. It begûn mei de stifting fan it keninkryk Perzje yn 559 f. Kr. troch kening [[Sirus II de Grutte]], de earste fan de [[Achaemeniden]] dy't de ferdielde keninkriken by inoar brocht. De ein fan it Perzyske Ryk kaam ûnder it regear fan de [[Sassaniden]] dy't yn 651 troch de [[Islam]]iten ferslein waarden.
 
==It ûntstean fan it Ryk==
Om [[559 f. Kr.]] ferienige [[Sirus II de Grutte]] de yn dy tiid ferdielde keninkriken fan de [[Persen]] en [[Meden]]. Hy makke in ein oan it wichtige Middenryk dat troch syn pake [[Astyages]] regearre waard. Sius neamde himsels [[shah]] en gong fierder my syn oermasterings. Hy oermastere [[Lydyë]] yn [[Lyts-Aazje]] en brocht syn manlju nei Sintraal-Aazje. De âlde stêd [[Babylon]] foel yn syn hannen en dertroch krige hy naam as goedwillich oermasterer. Hy stelde in ferneam [[hanfest]] op dêr't er yn taseit om Babylon net te terrorisearjen of har ynstellings en kultuer te ferneatigjen.
 
De soan fan Sirus, [[Cambyses II]], foege troch oermasterings [[Alde Egypte|Egypte]] ta oan it Perzyske ryk. It Ryk soe har grutste útwreiding berike ûnder [[Darius I]]. Dy liede syn legers de fallei fan de rivier de [[Indus (rivier)|Indus]] yn en nei Jeropa ta. Yn [[Grikenlân]] waard syn ynvaasje stopt neidat er de ferneamde [[Slach by Marathon]] ferlear. In soan fan Darius, [[Kserkses I|Kserkses]] soe it letter op 'e nij besykje, mar ferlear alyksa tsjin de Griken, yn de [[Slach by Salamis]] yn [[480 f. Kr.]].
 
Doe destiids wy it Perzyske ryk fan Agaemeniden it grutste en krêftichste ymperium oant dan ta. Wat foaral wichtich wie, it ryk waard goed liede en wie slim organisearre. Under Darius waard it keninkryk yn om-ende-by tweintich provinsjes ferdield dat troch ''[[satraap|satrapen]]'' (gûverneurs) late waard. Hy sette in belêstingsysteem op, yntrodusearjen it postsysteem fan de Assyrjers dat er fierder útwreide en liet wegen oanlizze dat benammen de handel te goede kaam. Ek naam er fan it [[Assyryske ryk]] it gebrûk oer fan [[geheim agent|geheime agent]]en, de "Eagen en Earen fan de Kening", dy't him op de hichte hâlden oer de stân fan saken yn it ryk. De Persen lieten de lokale kultueren gewurde en dat kaam it imperium te goeden, meidat de oermastere folken gjin behoefte hienen om yn opstân te kommen.
 
Tidens it tiidrek fan de Agaemeniden, wie it [[zoroastrisme]] de [[godstsjinst]] fan de hearskers en it meastpart fan de befolking. Dizze religy leit de klam op de universele striid tusken goede en kweade goaden. It Zoroastrisme en har mystyke lieders, de saneamde [[Magi]] heare ta de Perzyske kultuer.
 
==Sjoch ek==