Aldehou (toer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 11:
De Ljouwerters woene lykwols mear: se woene krekt sa'n hege toer bij harren nije tsjerke, as dy't de [[Grins (stêd)|Grinzers]] yn'e jieren 1469-1482 krigen hiene. Der waard sadwaande in aksje op tou set en út hiele Fryslân reinde it jild.
 
En sa waard it dan in feit, dat it stêdsbestjoer fan Ljouwert en de [[tsjerkefâdentsjerkfâden]] fan Aldehou oan boumaster [[Jacob van Aaken]], it bouen fan in nije toer en tsjerke te Aldehou gunden. De deihier fan dizze boumaster wie acht stuorren, frij wenjen en foar it seis jier duorjen fan de bou "een eerlijk nieuwe kleed" it jier.
 
=== Bou fan de toer ===
Boumaster Van Aaken hie sin oan't kerwei en sette útein mei it fûndearjen. Boumaster Van Aaken wie fan heit op soan in hurde ûndergrûn wend en it bouen op de Fryske [[klaai]] wie foar him sûnder mis in besykjen, in eksperiment. Hy liet in grutte djippe kûle grave, dêr't er oan't op in djipte fan 1,15 meter bar om bar hurde kalk en taaie klaailagen yn smiet. Doe koe in begjin makke wurde mei it bouen fan 'e toer. Om elts risiko út 'e wei te gean krige de Aldehou in brede foet, fersterke fan acht frij fier útboude steunbearen. Eins soene op dizze útsteksels bylden van [[Hilligen]] en [[Ingels]] set wurde, mar dat is der nea van kommen.