Romeinen yn Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L kategorynamme feroare fan R. âldens yn R. âldheid
Rigel 18:
== De Bataafske opstân ==
[[Ofbyld:Rembrandt Harmensz. van Rijn 047.jpg|thumb|Rembrands ferzje fan de opstân dy't de Friezen en Julius Civilis fan de Bataven begûn tsjin de Romeinen.]]
Yn [[68]] nei Kristus gong it gebiet definityf ferlern foar de Romeinen. By it begjin fan it [[Fjouwerkeizersjier]] waard [[Julius Sivilis]] by de Friezen yn feilichheid brocht. De Friezen stypjen de dêrop folgjende opstân fan de Bataven. Hja ferneatige twa forten oan de see en krigen in part fan de Romeinske Ryn-Flottylje yn hannen. Dernei leveren hja helptroepen dy't per slot yn de buert fan [[Keulen]] troch [[Keulen|Keulenaars]] fermoard waarden.
 
Fan dy tiid ôf geane de Romeinen en de Friezen ûntspannender mei elkoar om. By in lettere oanfal fan de [[Sjauken]], yn de [[2e ieu]], kamen de Friezen net mear yn opstân. Yn [[Brittanje]] binne grêfskriften fûn út it begjin fan de tredde ieu dy't ferwize nei de Kuneus Frisiorum Finoviensium, Kuneus Frisiavonum Ferkovisensium en de Kuneus Frisionum Aballavensium, ôfdielings fan de helptroepen dy't Friezen stjoerd hawwe, al is it net dúdlik of dit Frisii of Frisiavones wienen.