Mesopotaamje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''Mesopotaamje''' (Gryksk foar ''tusken de rivieren'') is de eartiidske namme foar it gebiet tusken de rivieren Tigris en Eufraat. In oare namme foar it gebiet wie '''Twastro...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 28 jan 2008 om 23.38

Mesopotaamje (Gryksk foar tusken de rivieren) is de eartiidske namme foar it gebiet tusken de rivieren Tigris en Eufraat. In oare namme foar it gebiet wie Twastromenlân. It grûngebiet leit foar in grut part binnen de grinzen fan de hjoeddeistige steaten Irak, Syrje en Iran. Krekt as yn Egypte tanket it har fruchtberens oan de hieltyd weromkearende oerstreamings troch de beide rivieren.

Skiednis

Troch harren fruchtberens wie Mesopotaamje foar oare folken tige bekoarlik om dêr te wenjen. Mar om it lân yn besit te krijen moast der kriich om fieren wurde. In rige fan folken hat der yn de rin fan de tiid wenne. Guon dêrfan helle in heech beskavingsnivo en makke in bloeitiid troch. Sa om-ende-by de 3500 f. Kr. libbe de Sumeriërs yn it súden en de Akkadiërs mear yn it noarden. Sy waarden opfolge troch de Babiloanjers ûnder Hammurabi [1710 f. Kr.]]-[1668 f. Kr.]]) dy' t oant sirka 1100 f. Kr. it foar sizzen hienen. Nei de Babiloanjers oermasterre de Assyriërs it hiele gebiet. Ieuwen letter soed er in nij Babylonysk ryk ûnder Nebukadnezar noch in koarte bloeitiid krije. Ek de Perzen hawwe it gebiet yn besit hawn tusken 538 f. Kr oant 331 f. Kr., wêrnei it yn de hannen foel fan Aleksander de Grutte út Masedoonje.

Kinmerken fan de Mesopotaamske keunst

Trochdat de folken yn Mesopotaamje hieltyd striid leverjen moasten foar it behâld fan harren fruchtbere lân is der yn it karakter fan de keunst in soad militêre ynfloed werom te finen. Benammen yn de byldende keunst kaam dat ta útdrokking yn de faak realistyske útbylding fan striid- en jachttaferelen. Minsk en dier waarden natuertrouw en frontaal werjoen.

Reusachtige fersterke paleizen binne der yn Mesopotaamje bouwd. Derby waard in protte gebrûk makke fan klei. Pylders, lykas de Griken en Romeinen dy hienen, kamen derby nea foar. Troch in tekoart oan hout waard oan gewelfbouw dien en op de terrassen waarden beammen en strewelle plantten wêrtroch de saneamde hingende tûnen ûntstiennen. Yn it paleis befûn har de tempel dêr't de timpeltoer zikurrat fan neamd waard. Op de top fan dizze zikurrat befûn harren in altaar en it plak dêr't astrologen de stjerren bestjoedearre.