Nearo Klaudius Drusus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 jun 2008 om 22.37

Drusus folút Nero Klaudius Drusus (38 f. Kr.9 f. Kr.), wie in Romeinsk generaal ûnder keizer Augustus dy't him as syn beste befelhawwer beskôge.

Borstbyld fan Drusus

Libben

Nero Klaudius Drusus wie de jongste soan fan Livia en Tiberius Klaudius Nero. Hy wie de broer fan de lettere keizer Tiberius en de takomstige keizers Kalikula en Nero wienen neisieten fan him.

Troch keizer Augustus dy't mei syn mem troude nadat er syn heit twongen hie om fan har te skeiden, waard er opfoede as wied er syn eigen soan.

Om 18 f. Kr. troude Drusus mei Antonia, in nicht fan keizer Augustus. Tidens de koarte tiid dat sy tegearre wienen, krige sy trije bern, namentlik Germanikus, berne om-ende-by 15 f. Kr., Livilla yn 13 f. Kr., en de siiklike Tiberius, dy't letter keizer wurde soe, yn 10 f. Kr..

Hy wie in súksesfol Romeinsk militêr dy't protte gearwurke mei syn broer Tiberius. Hy stoar op 29-jierrige leeftyd yn 9 f. Kr. nei in ûngelokkige fal fan syn hynder.

Drusus yn Nederlân

Yn Nederlân is Drusus foaral bekend wurden troch syn oerweldiging fan Germaanje yn 12 f. Kr. en de oanlis fan de Drususgracht. Om de tafier fan wetter goed regeljen te kinnen, liet hy by de splitsing fan de Ryn en de Waal de Drususdam bouwen dy't letter troch de Germanen ferwoest wurde soe.

Nei syn dea yn Mainz waard Drusus op talrike plakken troch de Romeinske legioenen yn Boppe-Germaanje en Neder-Germaanje ferearen. De „Drususstien“ yn Mainz (doe noch: Mogontiacum) is nei alle gedachten in oerbliuwsel fan in tige grut momumint dat oprjochten waard foar Drusus.