Aletta Jacobs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
útwreide mei fan nl
namme
Rigel 6:
Nei spesjale tastimming fan minister [[Johan Thorbecke|J.R.Thorbecke]] skreau sy har op 20 april 1871 yn by [[Ryksuniversiteit Grins]] oan'e fakulteit [[Genêskunde]]. Har dokterseksamen die se yn 1878 yn Utert en se promovearre op [[8 maart]] [[1879]] yn Grins.
 
Aletta Jacobs wie net de earst froulike studinte - dat wie inkele ieuwen earder [[Anna Maria vanfan Schurman]] - mar wol de earste dy't mei sukses in universitêre stúdzje ôfmakke. Yn [[1877]] en [[1878]] lei sy har dokters eksamen ôf, dêr't sy de earst froulike dokter mei waard, en gong oan slach as dokter yn Amsterdam dêr't sy fergees sprekoere holde, kursussen joech en en it [[pessarium]] as foarbehoedmiddel yntrodusearre.
 
Dernêst sette Jacobs har yn foar it [[frouljuskiesrjocht]]. Sy wie mei oprjochster fan de [[Ferieniging foar Frjouljuskiesrjocht]] yn [[1894]] en sûnt [[1903]] lanlik foarsitter. Ek wurke sy mei yn de [[Wrâldbûn foar Frouljuskiesrjocht]], dêr't sy namensbekindheid troch krige oer de hiele wrâld. Sy wie ek lid fan de [[Frijsinnich Demokratysjke Bûn]].