Ierdas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: pl:Oś ziemska
Rigel 13:
In gefolch fan de de rotaasje fan in [[planeet]] is de ''fuortgong'', of ''presesje''. Fuortgong is it risseltaat fan de kombinaasje fan twa draaiïngs: De rotaasje fan de planeet om de rotaasjeäs en it draaien fan de planeet om de stjer. It gefolch hjirfan is dat ek de planeetas draait, om in as dy't leadrjocht stiet op it flak dêr't de planeet yn om de sinne draait. Deselde beweging makket in [[top]] as er net rjochtop stiet, allinnich is de fuortgong fan de ierdas folle stadiger; ien syklus fan de fuortgong duorret likernôch 26.000 jier.
 
Dit hat gjin ynfloed op de hoeke fan de ierdas, mar alles wat ôfhinklik is fan de rjochting fan de ierdas feroaret al. Op it stuit is [[Polaris]] de [[poalstjer]], en yn it jier [[2100]] sil er dat noch presizer wêze, mar om it jier 14.000 hinne hat [[Wega]] dy funksje. Fierders feroaret ek yn hokfoar it [[stjerrebyld]] de sinne stiet oan it begjin fan in seizoen. Sûnt likernôch it begjin fan de [[jiertelling]] stiet de sinne oan it begjin fan de [[maaitiid]] yn [[Fisken (stjerrebyld)|Fisken]]. Mar twa millennia fierder is de tiid fan Fisken hast foarby, en begjint hast de tiid fan [[Wetterman]].
 
== Skommeling ==