Ierdas
De ierdas is de rotaasjeäs fan de Ierde.
De ierdas is de tinkbyldige as dêr't de Ierde om draait. It is in line troch it swiertepunt fan de ierde, en alle oare punten dy't net troch de rotaasje fan de ierde fan plak feroarje. It plak dêr't dizze line it ierdoerflak snijt binne de poalen. De poal dy't nei lofts draait is de noardpoal, de poal dy't nei rjochts draait is de súdpoal.
Rotaasje
bewurkje seksjeDe Ierde draait om de ierdas yn likernôch 23 oe 56 m 4 s = 1 stjerredei. Dizze feart is lykwols net konstant. Sa waard nei in ferheftige útbarsting fan de Sinne yn 1959 de rotaasje 1/1000 sekonde langer. De SI-sekonde sa't dy yn 1967 fêststeld is, is basearre op mjittings fan de rotaasje fan 1955 oant 1958. Om't de rotaasje sûnt dy mjitting stadiger wurden is, wurdt sûnt 1972 in skrikkelsekonde ynfoege as de sinnedei en de oerwurkdei net mear gelyk rinne. Tsjin de ferwachting foar langere tiid yn, is sûnt 1972 de rotaasjefeart lykwols tanaam, en is no hast gelyk aan de mjitting út de fyftiger jierren.
Hoeke
bewurkje seksjeYn it simpelste gefal is de hoeke fan de rotaasjeäs fan in planeet mei it flak dêr't er yn om de stjerre draait 90°. Foar de Ierde is dy hoeke yn trochsneed 67°. De hoeke fariearret lykwols yn in syklus fan 40.000 jier tusken likernôch 68° en 65°. De seizoenen binne der it gefolch fan dat de hoeke gjin 90° is. Mei in lytsere hoeke binne de seizoenen ekstremer, mei in gruttere hoeke binne se minder ekstreem.
Fuortgong
bewurkje seksjeIn gefolch fan de rotaasje fan in planeet is de fuortgong, of presesje. Fuortgong is it risseltaat fan de kombinaasje fan twa draaiïngs: De rotaasje fan de planeet om de rotaasjeäs en it draaien fan de planeet om de stjer. It gefolch hjirfan is dat ek de planeetas draait, om in as dy't leadrjocht stiet op it flak dêr't de planeet yn om de sinne draait. Deselde beweging makket in top as er net rjochtop stiet, allinnich is de fuortgong fan de ierdas folle stadiger; ien syklus fan de fuortgong duorret likernôch 26.000 jier.
Dit hat gjin ynfloed op de hoeke fan de ierdas, mar alles wat ôfhinklik is fan de rjochting fan de ierdas feroaret al. Op it stuit is Polaris de poalstjer, en yn it jier 2100 sil er dat noch presizer wêze, mar om it jier 14.000 hinne hat Wega dy funksje. Fierders feroaret ek yn hokfoar it stjerrebyld de sinne stiet oan it begjin fan in seizoen. Sûnt likernôch it begjin fan de jiertelling stiet de sinne oan it begjin fan de maaitiid yn Fisken. Mar twa millennia fierder is de tiid fan Fisken hast foarby, en begjint hast de tiid fan Wetterman.
Skommeling
bewurkje seksjeEk it plak fan de ierdas op Ierde is net fêst. Troch de Chandler skommeling bewege de poalen yn in syklus fan likernôch 435 dagen yn in sirkel fan in pear meter oer it poaliis. Der binne lykwols ek oare ynfloeden. Sa docht it bliken dat sûnt de seeskodding fan 26 desimber 2005 de posysje fan de ierdas 8 sm opskood is.