Willem Cornelis de Groot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Ofbylding fan de Juliana fleugel fan it Sint-Anthony Gasthûs
ferw. st. wurdkar.
Rigel 2:
 
== Biografy ==
W.C. de Groot waard op [[6 oktober]] [[1853]] berne yn [[Hollum]] op [[It Amelân]]. Yn [[1866]] ferliet hy it âldershûs om it timmermansfak te learen yn [[ZaandamSaandam]]. Nei in ferbliuw fan fiif jier yn Zaandam fêstiget hy him yn 1871 as timmerman yn Ljouwert. As ienige soan fan de famylje hoecht De Groot net yn militêre tsjinst, wêrtroch't hy de mooglikheid hat om fierder te learen. Hy komt yn tsjinst by boukundige Jacob Izaaks Douma. Neidat hy by Douma praktykûnderfining opdien hat mei hy him yn 1877 boukundige neame. Yn datselde jier boasket De Groot mei de Nederlânsk-herfoarme kleanmakkersdochter Hindrikje (Rika) van der Kam.
 
[[Ofbyld:Leeuwarden - Nieuw Sint-Anthony Gasthuis.jpg|thumb|Juliana-fleugel fan it Sint Anthony Gasthûs (1910)]]
Yn 1881 makket W.C. de Groot yn opdracht fan it [[Sint Anthony Gasthûs (Ljouwert)|Sint Anthony Gasthûs]] syn ierst bekende wurk, nammentlik de 'eastlike' [[stjelp]] oan [[Lytse Geast]] 23. Dêrnei folgje grutte en lytse projekten inoar hurd op, lykas it Diakonessehûs (1904), it [[Gabbema-gasthûs]] (1906), de Juliana-fleugel fan it Sint Anthony Gasthûs (1910) en folkswenningboukompleksen as de Ald-Yndyske buert (1908), de Saskiabuert (1909) en de Hollanderwyk (1914). De Groot hat jierrenlang hûsarjitekt west by it Sint Anthony Gasthûs yn Ljouwert (1887-1930) en it [[Poptaslot|Popta Gasthûs]] yn [[Marsum]] (1893-1910). Fierders ferfolt hy ferskate njonkenfunksjes dy't te krijen hawwe mei syn berop as arsjitekt. Sa is De Groot fan 1894-1919 sekretaris en foarsitter fan de Friesche Bourûnte en bestjoerslid en/of boukundich adviseur fan de Kristlike HBS, it [[Ritske Boelema Gasthûs]], it [[Diakonessehûs (Ljouwert)|Diakonessehûs]] en Wenningferiening Ljouwert. Ek is hy mar leafst 50 jier lang ûnderhâldsarsjitekt fan de Nederlânsk-herfoarme gemeente.
 
W.C. de Groot ferstjert [[19 july]] [[1939]], 85-jier âld. Hy wurdt ûnder gruttte belangstelling begroeven op it [[Noarderbegraafplak (Ljouwert)|NoorderbegraafplakNoarderbegraafplak]] yn Ljouwert.
 
==Stylkenmerken==
Yn it earstoan wurke W.C. de Groot yn de styl fan it [[eklektisisme]], in mingfoarm fan ferskate stilen lykas de renêssânse en it klassisisme. Fan 1881 ôf kiest De Groot foar de [[neorenêssânse]], dy't weromgrypt nei de boukeunst fan de [[Gouden Ieu]].
 
Mei de ieuwikseling is der in stylkrieming yn it wurk fan De Groot. Hy lit de [[neostyl]] efter him om fierder te gean yn de fernijingsstyl, in styl dy't tsjin de [[art nouveau]] of [[Jugendstil]] oanhinget. De fernijing yn it wurk fan De Groot is benammen sichtber yn de frisse materiaalkar en de tapassing dêrfan. Kleurige [[bakstien|persstien]] of [[bakstien|ferblendstien]] en aksinten fan kleurich glazuerde stien binne karakteristyk yn syn oeuvre.
 
==BelangBetsjutting fan W.C. de Groot==
W.C. de Groot hat mei syn arsjiitektuerarsjitektuer – direkt en yndirekt – yn grutte matemjitte it oansjen fan stêden, doarpen en it plattelân yn [[Fryslân]] omtrint [[1900]] bepaald. Foar Ljouwert is De Groot bekend as de arsjitekt van karakteristike gebouwen lykas it Diakonessehûs (1904), de Juliana-fleugel fan it Sint Anthony Gasthûs (1910) en it Gabbema Gasthûs (1906). Dizze gebouwen foarmje hichtepunten yn de fernijingsstyl yn Fryslân.
 
Dêrneist hat W.C. de Groot in grut tal pleatsen boud of ferboud yn opdracht fan partikulieren en de gasthuzen wêr't hy hûsarsjitekt foar wie. Troch de stylistyske en typologyske fernijings dy't De Groot hjirby trochfierd hat is hy foaroprinnnend west yn de ûntwikkelingûntjouwing fan nije pleatstypologyen yn Fryslân.
 
Uteinlik foarmen de lêzingen dy't De Groot joech oer, ûnder oareoaren de ûntwikkeling fan it Fryske boerehûs en eksperimintele pleatsenboupleatsebou, in ynspiraasjeboarne foar oare arsjitekten, boukundich opsjenners en timmerlju yn Fryslân.
 
==Keunstwurk==
Yn 2002 wurdt hy yn Ljouwert eare mei in keunstwurk fan byldzjend keunstner [[Walter Baas]] en wurdt boppedat it plantsoen wêroanwêryn't datit wurk stiet nei De Groot ferneamd: it W.C. de Grootplantsoen.
 
==W.C. de Groot-projekt==